Twakû (doont kryt, fucking fowel)

De dream

Yn it lân fan taal 2018
Sille alle sitaten bestean út diktaten
Universeel ferwurde ferachting
Op in molkbryfke

Posted in Bloch | Leave a comment

De grutte ôfwêzigen

Moaie jûn hân yn Snits. Earst ha wy mei de wichtichste lju earte iten. Mei it sicht op de wetterpoarte. Dat smakke tige by tige. Dêrnei op nei kafee Vellinga. Dan koe de taalboarterij mar oangean.

Sa’n 45 poëten droegen foar op alfabetyske folchoarder fan efternamme. Dat wie bepaald net yn myn foardiel. Ik begûn my wat langer wat skuldiger te fielen. Mar goed, as debutant moatte jo troch it stof fansels.

Foar it fierder ferslach ferwiis ik nei Henk van der Veer.

Ien skerp kantsje oan de jûn haw ik al bespeurd: de grutte ôfwêzigen. Dat binne dyselden dy’t ‘fan profesje’ fan de taal besteane, ek wol neamd ‘útjouwers’. Jo meie sels riede hokker útjouwers, ik tink dat alle antwurden wol goed binne.

It lit myn gedicht hjir folgje. It is ynspirearre troch de aktualiteit mar net minder troch de histoarje, ferwurde troch Jan Wybenga. Ek dat gedicht stiet hjir.

De dream

Yn it lân fan taal 2018
Sille alle sitaten bestean út diktaten
Universeel ferwurde ferachting
Op in molkbryfke


IDIOMATYSK FRONT

Waar as side en noch sidiger
roazen sette in kaam
oer de sinnekant sidich.

Molksûgers bloedsûgers
sette swiermûlich de dôve lippe
nei molke en bloed.

Broeiende oeren
spinfuotsje op it gleon grint.
De tiid rûgelet del as dúnsân.

Heech op ’e kym
stean tongerkoppen ferbroeiing.

Oarder ien oan alle posten:

Oer in breed front
sil in diplomearre transportkolonne
It idiomatysk reine litte

om fryslân fan ferbroeiing frij te hâlden
it is in kwestje fan oeren wurden/woarn
dat mei beide seit kommandant afûk.

Oeren gjin dagen gjin moannen
Se kin ús alle oeren ’t âldjier ôfwinne
al miggelet it noch út de gleone oeren
fan ús brûnzen oermem op it plein.

Jan Wybenga

Posted in Bloch | 4 Comments

Trijkû (doont bargje, fucking fowel)

De dream

Yn it lân fan taal 2018
Sille alle sitaten bestean út diktaten
Universeel ferwurde ferachting
Op in molkbryfke

Posted in Bloch | Leave a comment

Splitlodde

Jinsels op te skypjen mei de opdracht in bloch oer in splitlodde te skriuwen is net de meast handige foarm fan kreativiteit. Want wat is der eins oer sa’n ding te skriuwen? Ik soe hiel omstandich útlizze kinne wêr’t er foar brûkt wurdt/waard mar dat is in hûd fol wurk fansels. Dus, in plaatsje:

Dat sil it jongfolk noch it measte net sizze. No, it ding is der foar om kuil (kûl?) fan de bult te snijen. Us pake hie as grutboer (trije kij) ek in splitlodde. Mar by him miste it sydstankje der ôf. Dat wie net brutsen of sa mar hie er der sels ôfavensearre. It handige him net.

Dit is net sa’n nijsgjirrich stikje, tink?

Dêr kin ik fierder ek neat oan dwaan. Is de Omroep syn skuld. Dy healwize boerereportaazjes twinge it twitterfoarum no ienkear ta it hawwen oer fjouwer- en fiiftiners, putsamers, skytskoffels, keizersneden en wat fierder foarby komt. De gewoane gripe is oars in trijetiner mar dan sitte wy by de bouboeren. Tweintichtiners (dat is in rûzing) binne dêr ek te finen.

‘De Omrop is neffens de kommisje ien fan de bêste ynstruminten om de taal troch te jaan.’

No, dat wit ik sa krekt noch net. It rûkt frijwat. En krekt as ús pake ha se it sydstankje fan de lodde sloopt. Dat handige har net. Wylst it der oars net om de nocht oan sit.

Posted in Bloch | Leave a comment

Boufakkerskeunst

Posted in Bloch | Leave a comment