Hoe manage jo de bus?

Fan guon nijsberjochten witte jo net sa goed oft jo se no hilarysk of tryst fine moatte. Hjoed sa’n berjocht yn it Friesch Dagblad. Us lokale wethâlder fynt dat der in ‘feilich paad’ komme moat fan Ingelum nei de bushalte no’t de provinsje besletten hat it sawat folslein opheffen fan it iepenbier ferfier net op… Continue reading Hoe manage jo de bus?

Published
Categorized as Bloch

Sineesk spultsje

Yn Sina ha se útfûn dat it foar bern net goed is om hiele dagen online te gamen. Dêrom ha se dêr no betocht dat dat allinnich noch yn it wykein en op feestdagen mei mar net langer as ien oere deis. Dêr spuie wy fansels raar guod fan want dat is in fikse yngreep… Continue reading Sineesk spultsje

Published
Categorized as Bloch

1dv.nl

It giet foar wûnder mei de pripperij, lieten boike Mark en jubeljonkje Hugo juster witte. It soe jo ûntgien wêze kinne wat it doel fan dy spuiterij is dat dat lis ik mar efkes út. It giet der net om dat wy ien as d’oare goarre of, slimmer noch, sykte oan it bestriden binne mar… Continue reading 1dv.nl

Published
Categorized as Bloch

Heidenske griene religy

Hjoed is it klimaatrapport ferskynd. Dat ha ik net lêzen. It skynt in komposysje te wêzen fan eardere wake-up calls. Dat tsjut der tink ik op dat ‘De begraffenis fan omke Wopke’ der goed by past al sjongt Doede leau ik net oer de tsjerkeklokken. In miste kâns. De NOS hie it fansels ek yn… Continue reading Heidenske griene religy

Published
Categorized as Bloch

De boargemaster en de kwast

Neffens Oebele Brouwer is sa’n fiifentweintich oant fjirtich persint fan de ynwenners fan syn gemeente asosjaal folk. Ik freegje my ôf oft sa’n man wol geskikt is as boargemaster, ik kin my yn alle gefallen gjin inkelde oare gemeente yn Nederlân en faaks yn de hiele wrâld wol net foarstelle dêr’t sokke útspraken akseptearre wurde… Continue reading De boargemaster en de kwast

Published
Categorized as Bloch