Archive for oktober, 2009
sneon, oktober 31st, 2009
Yn de grutte stêd sjogge jo de moaiste tafrielen. Wol gauris sjoch ik in hiele ploech it Aldehouster tsjerkhof bestoarmjen. Fan ’e wike ek. Se joegen har del op it trepke oant de gids har rôp foar it ferfolch fan de ekskurzje. Se lieten de tassen stean. Grif plattelânsberntsjes.
Mar it moaiste tafriel wie dochs dy [...]
Filed under: Bloch | |
Comments Off
freed, oktober 30th, 2009
It is wol wol (update:wat) mei Jeropa. Der is net in kandidaat te finen foar de earste echte Jeropeeske kening. It falt my al wat ôf dat der ek yn ús lân – dat der kwa noarmen en wearden dochs fier boppe-út stekt – net immen is dy’t him beskikber stelt foar dy funksje.
Filed under: Bloch | |
2 Comments »
tongersdei, oktober 29th, 2009
Das in nij websydsje yn Fryslân, benammen foar Súdwest-Fryslân. Dêr heart Snits ek by fansels. Se hawwe ek in protsje jild fan de provinsje krigen, 15.000 eurys as ik it goed begrepen ha.
It sil de fyfde macht yn Fryslân wol min nei’t sin wêze want de fyfde macht hâldt út dat der gjin inkeld partikulier [...]
Filed under: Bloch | |
Comments Off
woansdei, oktober 28th, 2009
[berjocht]
In pear reaksjes:
- Ik lies ‘t, mar neu. Frysk nijs fan ‘e Omrop is altyd te let om’t it oerset wurde moat. Dus…
- der gebeurt my te min yn Fryslan op dat oan te skaffen. Nee ik sjoch wolris op de net wurkbare webside!
- Fyn it wol hiel aardich dat se it probearje hear. Mar [...]
Filed under: Bloch | |
Comments Off
tiisdei, oktober 27th, 2009
Dat opmerklike boadskip kaam de fyts juster mei. De earste 500 km sitte der op. Dat ik haw him hjoed efkes by de fytseman brocht en no ha ik in sawat nagelnije lienfyts. Mar dy foldocht my sa goed net want hat de motor yn it foartsjil en dêr wurde jo wat kopswier fan.
Ik [...]
Filed under: Bloch | |
2 Comments »
moandei, oktober 26th, 2009
Soms krije jo ferslaggen ûnder eagen fan gearkomsten dêr’t jo dan fan tinke: ‘Mar dêr wie ik dochs ek by?’ En dan sjogge jo efkes nei it listje oanwêzigen en dan blykt dat jo der yndie by west hawwe.
Allinnich… fierder werkenne jo net safolle. Soks kin ferskate oarsaken hawwe: a) de notulist doogde net, b) [...]
Filed under: Bloch | |
Comments Off
snein, oktober 25th, 2009
Daliks mar efkes de korrekte omskriuwing: waadfiskjen is in sûpfeest op see. Alteast de fariant sa’t ik him meimakke ha. No ha ik neat op in pilske tsjin (by riten fyn ik it ek hiel lekker) mar dit gong my stûf genôch. Benammen om’t hieltyd bliken docht dat guon lju dy drank net al te [...]
Filed under: Bloch | |
Comments Off
freed, oktober 23rd, 2009
Justerjûn op jierdeibesite. Dat sette mar goed yn. Krekt te stoel en te bank mei kofje en gebak en it petear gie oer de AOW. Doe wie der ien dy’t sei dat it hielendal net nedich is om de pinsjoenleeftyd op te rekken nei 67 jier ‘as de jeugd earst ris oan it wurk gie’. [...]
Filed under: Bloch | |
2 Comments »
tongersdei, oktober 22nd, 2009
Dat is op ’t heden wer wakker yn it nijs, no? Dy Limboargers bygelyks dogge mar wat.
Mar wat is korrupsje eins? Kin immen my dat efkes útlizze? Falt it ‘effektyk gebrûk meitsjen fan wurktiid’ dêr ek ûnder? Dat wol sizze allegeduerigen mei wichtige lju út te iten gean om’t der jûns ien as d’oare [...]
Filed under: Bloch | |
Comments Off
woansdei, oktober 21st, 2009
It is wer ris safier. Ien as d’oar mantsje fan in foech reklameburo-eftige ynstânsje nimt it ús deputearre slim kwea-ôf dat se in pear wurdsjes yn it Frysk nei foaren brocht hat. En útsoarte mei it argumint dat soks ûnfatsoenlik is om’t der in pear ymbesilen binne dy’t soks net neikomme kinne.
No soene jo de [...]
Filed under: Bloch | |
Comments Off