Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

Archive for febrewaris, 2010

Kater

sneon, febrewaris 27th, 2010

Justerjûn moai fuort west. Dat mei ik as profesjonal eins net skriuwe want wy witte allegear dat it as profesjonel ferbean is de wierheid te skriuwen. Dit is dan foar’t neist ek net sa’n hiel profesjoneel stikje. It wie ek net in profesjonele jûn.
Ik hie fan ’e moarn gjin profesjonele kater. It is lang lyn [...]

Triennen

woansdei, febrewaris 24th, 2010

Balkenende hat triennen sjoen. Letterlik sei er: ‘Ik heb ook tranen gezien‘. Dat is fansels in polityk-korrekte útspraak. Mar it hie wêze moatten: ik ha triennen feroarsake.
Sven hat gjin goud helle. By him ha ik gjin triennen sjoen. Want Sven is profesjoneel. Wat dat dan ek mar wêze mei. Hy hat fansels gewoan in baan. [...]

Eksklusyf yn Bitgum

moandei, febrewaris 22nd, 2010

De iene dei seit de oare net

sneon, febrewaris 13th, 2010

Kabinetsbrief

tiisdei, febrewaris 9th, 2010

Ha dat brief fan JP en konsorten efkes lêzen. Foar wa’t dat tefolle gedonder is, folget hjir de gearfetting.
‘Wy achtsje it in goed ding dat elk sizze kin wat er sizze wol. It is ús dan ek goed dat oaren sizze dat wy it ferkeard dien ha. Mar sels sizze wy dat net. Wy tidigje [...]

Du Nord

moandei, febrewaris 8th, 2010

Nei in wykein mei wat mear argewaasje as goed foar my is knal ik der efkes in moai posityf bloch yn. No ja, om dochs efkes wat negatyfs te sizzen: it wie fan ’e moarn glûpende kâld!!!
Mar doe wie der kofje en wy ha lekker kofjedronken. Dat lei him net sasear oan de kofje as [...]

De Mous-sekte

snein, febrewaris 7th, 2010

Mous hat fia ensfh myn stikje fan juster ek opmurken. Hy kin der leau ik net safolle mei en docht it dan ek kâldwei ôf as sektarysk gedrach. Dy útspraak hat in nochal heech humoristysk gehalte. Faaks is it ek wol as grapke bedoeld mar – sa jout Mous sels earne oan – syn grapkes [...]

Pauw en Witteman

sneon, febrewaris 6th, 2010

By boppesteande twa hearen gie it justerjûn oer it ûnderwiis. It stiet der net al te bêst foar mei it ûnderwiis. Dat wie gjin nijs foar my. Want dêr haw ik de ôfrûne jierren genôch fan mei krigen. Wat justerjûn lykwols hiel goed te sjen wie, is wêr’t soks ta laat: amper nei te kommen [...]

De Langestraat

woansdei, febrewaris 3rd, 2010

Ik sil yn dit stikje efkes net ynhâldlik yngean op de snoade plannen fan Piet Adema want as ik dat al dwaan soe dan is de kâns grut dat ik meikoarten fan firtuele moard beskuldige wurde sil.
It giet no efkes om de ferslachjouwing fan dy ferrekte omrop. Dêr hawwe se it mar steefêst oer in [...]