Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

Archive for april, 2010

Bitgum wurdt wekker

snein, april 25th, 2010

Prachtich. Hjir komme hieltyd mear inisjativen. Dy Bitgummoolsters binne fansels ek wol wat fier gongen mei alles yn te klauwen.
Hawwe wy sûnt in pear jier de winterjûnenocht wer werom; dêr binne bykommen: in motortoertocht en meikoarten in bradery. En wy ha fansels de rommelmerk. Dat is sa ûngefear it iennichste evenemint dêr’t in Bitgummoolster foar [...]

Kloateklútsjes

tongersdei, april 22nd, 2010

Ljouwerter Krante hjoed:
Galema roemt de gemeenschapszin van de Friezen. En hij wordt warm van de grote steun in de staten voor instandhouding van de provincie. ,,Ik fiel klútsjes yn myn bloed streamen.’’ Verwijzend naar PvdA en SP: ,,Soene it roazen wêze, of tomaten miskien? Ik tink: it binne pompeblêden.’’
Ik wurd der oars hielendal net waarm [...]

Bist pop!!!

freed, april 16th, 2010

Do fulkaan. Ik bin grutsk op dy. Ast dy no fierder ek efkes oan de ôfspraken hâldst dan kinst net mear stikken.
Efkes tusken ús, wy hawwe dus de folgjende plenning: do hâldst dy no earst in wike yn en dan silst sjen litte wa’tst bist. Ha ik dat goed begrepen?
Lit it mar efkes witte. Ik [...]

Fallyt

tiisdei, april 13th, 2010

Wie lêsten efkes by ús mem. Dat is neat gjin bysûnders want dêr kom ik wol faker. Myn âldste broer wie der ek. Dat is ek net sa bysûnder want dy komt der ek wol faker. Dat wy der tegearre wiene wie al bysûnder. Mar dat wist ús mem net.
Mem har neef wie der ek. [...]

Problem solved

sneon, april 10th, 2010

Der binne soms fan dy problemen dy’t har net sa maklik oplosse litte. Oant der immen is dy’t mei fenomenale ideeën komt. Sa ha wy nochal wat bern dy’t yn finzenissen opsletten sitte wylst se dêr net thús hearre om’t se allinnich mar soarch nedich ha. André Rouvoet hat dat probleem yngeande 1 jannewaris lêstlyn [...]

Utslach petysje

freed, april 9th, 2010

Gjin subsydzje foar kultuer

woansdei, april 7th, 2010

Rita Verdonk wol alle subsydzjes foar kultuer ôfskaffe. Dêr hat it minske grut gelyk oan want subsydzjes binne allinnich bedoeld om swak, siik en mislik guod yn libben te hâlden. En dêr sitte wy net op te wachtsjen, fansels.
Boppedat, yn Fryslân spilet soks amper mear in rol. Nim no dy subsydzjes op wat literêre dinkjes. [...]

PR

snein, april 4th, 2010

Ik ha dy petysje ek mar efkes tekene. Want ja, as ik it net doch, wa dan noch al? Mar it is allegear al wat swiersettich. En it komt sa ek net klear fansels. Der moatte hiel oare dingen barre. Meitsje ris in knap promofilmke. In filmke mei gefoel. En net sa kneuterich. Of kinne [...]