Frjemd gefoel

Nei in healoere bin ik der efter wêr’t it frjemde gefoel wei komt. It doocht hjir net alhiel. En no sjoch dat it ynterieur feroare is. In hiele grutte plant stiet net mear yn it finsterbank, mar op ’e grûn. En der stiet no in skiterich dinkje yn it finsterbank. De rookstuollen steane sadwaande ek tichter byelkoar. No ja, it moat sa mar. De yngrepen ha wolris grutter west en dy ha’k doe eigenhandich fuortdaalk weromdraaid.

Dat binne de lytse neidielen fan in húshâldster. Net dat wy oait spul hân ha of sa mar it is bygelyks wol sa dat ik alle kearen wer om de skjirre sykje moat. En om teeleppeltsjes. It plak fan dy dingen wurde wy it mar net oer iens.

Published
Categorized as Bloch

2 comments

Comments are closed.