Osama is dea

Eufory rûnom. Ik begryp dat net hielendal. As hjir ris ien deasketten wurdt troch in ûnnoazelsma raze se alles byinoar.

Ja, it is frijwat ûnnoazel te tinken dat no’t Osama dea is alle ûnrjocht de wrâld út is. Ik begryp bêst dat syn slachtoffers it op in bepaalde wize wol aardich fine dat de klucht der net mear is. Mar wêrom besoademiterje jim jimsels sa?

Der binne miljoenen Osama’s. Klear, se brûke net allegear itselde ark as hy mar it systeem is der neat oars om: machtsfertoan. En dan binne jim bliid dat der ien sa’n klojo it bochtsje om is? Ik soe jim wizer hawwe wolle. Sjoch om jim hinne: elkenien – ja, hjir yn Fryslân ek – komt alle dagen wol sa’n misliksma tsjin.

Mar jim hâlde jim stil mei’t jim fan dat folk frette moatte. Osama himsels hie dat systeem betinke kinnen. Mar dat hoegde er net te dwaan mei’t syn foargongers dat al dien hiene.

Published
Categorized as Bloch