Utbrutsen

Bin der justerjûn efkes útbrutsen. Dêr hie ik ek wol rjocht op al sis ik it sels.Nei Britswert west. It is dêr moai al is it frijwat skande dat se de skyline fan Wiuwert mei sa’n foech yndustrypark nei de kloaten holpen hawwe.

Der wiene dichters yn Britswert. Dat is wat mei literatuer. Boeken en sa. En dan lêze se foar. Guon lêze de gedichten sels leaver mar ik fyn dit wol moai. En maklik. Want as ik se sels lês begryp ik der yn de regel hielendal neat fan. De ynlieding fan Piter Boersma wie ek wol goed foar myn begryp.

Fierder kamen Albertina Soepboer en Michel Dijkstra mei in skôging oer de dichters yn kwestje. De lêste koe ik earlik sein net alhiel neikomme.

O ja, ferrek: Elmar hat earst foarlêzen en Cornelis dêrnei. Dy mannen gie it úteinlik om dat dan moatte jo net ferjitte dat efkes te sizzen. Dat diene se moai, hear. Sa toar net as dûmny’s dy’t jo meast yn tsjerke treffe.

Letter hiene wy noch in soarte fan frije Fryske lûden fan Sytze Pruiksma & Co. Ymprovisaasje. Ik soe graach witte wol hoe’t dat dan krekt giet mar dat sil it geheim fan de bakker wol wêze. Oait haw ik ris in paukenist fan De Wâldsang sjoen dy’t sa goed as alles fan dy pauken brûkte en dêr in foech healoere mei yn de slach wie. Sa wie dit ek sawat.

Al mei al heechstantsjes fan literatuer en muzyk. No is dat foar in frij beheind publyk al wie hjir in smite folk. Faaks soe it gewoan ferplichte wurde moatte om op syn minst in pear kear jiers nei sa’n barren ta. Krekt lykas dy wûnderbaarlike maatskiplike staazjes fan de skoallen. Litte wy yn dit gefal ris begjinne mei de politisy. Jo moatte op ’t lêst by de ‘basis’ begjinne…

Neitiid noch efkes mei wat lju eamele (en beide boeken kocht!!!). Ek mei Abe de Vries praat. Is leau ik gjin famylje al witte jo dat noait. No sil ik fan de weromstuit oer fjirtjin dagen nei in fioelkonsert. Us pake spile ek fioel…

Published
Categorized as Bloch

2 comments

  1. Hee Daam, myn oer-oerpake kaam al fan Bitgum: Pieter Lieuwes de Vries. Troud 1870 mei Antje Hempenius. Ik kin de stamboom efkes net fine, komt takom wike wol. Groet, Abe

  2. Us oeroerpake hjitte Jurjen Piebes de Vries. Troud mei Getsje Boersma. Jurjen hat 4 moanne yn de sel sitten. It wie yn it jier 1880, in ferskriklik earme tiid. Ek de húshâlding fan Jurjen hie it krap. As gefolch dêrfan hat er doe stellen. Op 11 desimber 1880 is der in rjochtsaak. Yn ’e âlde papieren lêze wy dat Evert Romkes de Vries (27 jier, berne Jorwert), Juren Piebes de Vries (27 jier, berne Bitgum) en Sjoerd Arjens van der Schaaf (28 jier, berne Bitgum) ‘allen arbeiders te Beetgum’ in ‘diefstal in vereeniging gepleegd’ ha. De útspraak is op 18 desimber fan dat jier: ‘Ieder 4 maanden celstraf en solidair in de kosten’. Alle trije hawwe bekend dat se yn ’e nacht fan 13 op 14 desimber 1880 njoggen kuorfol ierdappels stellen ha út it lân fan Klaas Sytze Kuperus, boer ûnder Ingelum. Se ha dy ierdappels yn sekken dien en mei hynder en wein nei Bitgum ferfierd. Neffens beide earste beklaagden hat Van der Schaaf ientredde part fan it stellene yn jild útbetelle: ƒ 1,50 de koer. Fjildwachter Hindrik van der Laan ûntdekt dat Jacob Jans Kooistra fan Mantgum ierdappels kocht hat fan E.R. de Vries en J.P. de Vries. Dat hat west op 14 oktober. Hja ferkochten him 14 sekken ierdappels wêrûnder de boppeneamde 9 kuorfrol à ƒ 1,65. Van der Schaaf hat fan syn meibeklaagden ƒ 4,50 krigen en wit fierder neat fan ’e saak ôf. As tsjûgen yn ’e saak trede op Klaas Sytzes Kuperus en Seije Jepma, arbeider by Kuperus. Evert Romkes de Vries en Jurjen Piebes de Vries bekenne daliks en sizze dat Sjoerd Arjens van der Schaaf ek meidien hat. Dy bekend ek. Hja lizze in beroufolle bekentenis ôf en wurde feroardiele ta in finzenisstraf fan fjouwer moanne.

    Dus Abe: no witte wy noch net oft wy famylje binne mar dyn oeroerpake moat hast wol op ’e hichte west ha mei dit ferhaal. Dy famylje fan my is dus de kriminele kant neist…

Comments are closed.