Kardiolooch

It is no hast twa jier lyn dat ik troch kollega’s ûntfierd en nei it sikehûs ôffierd waard. Dêr binne jo moai klear mei. Want as se jo dêr ienkear kenne binne se net fan doel jo fuortendaliks wer te ferjitten. Jo hawwe der sawat in heale baan by om dat folk oan it wurk te hâlden.

De eachdokter hie ik rillegau myn nocht fan. Moat tajaan dat ik it measte net mear seach mar doe’t ik de rou-advertinsjes wer wat knap neikomme koe en gebrûkoanwizings net mear ynskenne hoegde ha’k tsjin it minske sein dat it foar’t neist net noch in soad better wurde sil en ek net hoecht. Bin op ’t lêst gjin sjirurch.

De ynternist ha’k wat mear spul fan hân. Dy man woe oars net as hieltyd dy bloeddruk opmjitte mei sa’n djoer elektrysk ding. Dan sitte jo dêr alle kearen sa’n tweintich minuten mei Willem en Maksima op skoat dy’t neffens de Story fan alles en noch wat belibje en útheve. Doe’t de bloeddruk de lêste kear better wie as wa sines dan ek mar woe dy man noch wer in nije ôfspraak. Dat ha’k planút wegere. Húsdokter hat ek wol sa’n pompke. Dan sjocht dy der mar ris nei. Boppedat bin ik wol sa tûk wurden dat ik sels sawat fiel hoe’t it der foar stiet. Oarsaken kin ik ek ridlik goed oanwize.

Is de kardiolooch noch oer. Dy hantearret wat in oare opkomstplicht dat dêr is mei te libjen. Al is elke kear my ien tefolle. Fan ’e middei wer efkes by de man op appèl west. Hy wie oardel oere te let. Dêr kin ik dus net sa hiele goed oer. Fierder wie er goed tefreden. Ik kin mei de hurdfytserij Pieter wol ha yn de Giro, de filmploech dy’t oer it hert gear west hat hoegde ek net hieltyd sênes op ’e nij te dwaan en dy man mei dy hânskenner hat moaie RGB-bylden makke. De saak siet net trochinoar dat der wie gjin oranje, pears of sokssawat by. En de bloeddruk wie sa’t it heart te wêzen. No, dat hie ik sels ek al fernommen.

Om’t sa’n man lykwols dochs wat sleutelje wol hat er efkes oer de dopinglist gear west. En dy is behoarlik ynkoarte. Dêr bin ik wol wiis mei mar no komt it: om te sjen oft dat allegear op termyn wol goed komt moat ik meikoarten noch in kear. Spuitsje se my de hûd wer fol mei fan dy kleurstoffen en moat ik stil lizze yn sa’n astronauteding.

Ik wol fansels net dwers en ferkeard want ik ha in goed hert. Mar dat wurdt de lêste kear al, mynhear de kardiolooch!!! Ha myn nocht fan dy flauwekul.

Published
Categorized as Bloch

4 comments

  1. Ik bin oars blider mei dy!!! En ha it dy al lang ferjûn. It wie eins wol hiel leaf fan jim mar dat hiest wol begrepen, tink?

  2. Moai dat ik dit wit, at ik dan jûn al berch-op wer nei hûs moat, kin ik by dy efterop springe, sûnder datst der by deldonderest.

Comments are closed.