Spul mei de kardiolooch

Fan ’e moarn iere betiid film sjoen fan myn eigen hert. Live. Wonderbaarlike tastân dêr binnendoar. Suster wie wakker fleurich en soks is altyd in goed teken (hâld ik my sels foar). De kardiolooch hat wat screenshots fan dy filmerij krigen.

It wie myn eigen kardiolooch net want dy wie siik en dizze wie ek wol aardich, eins neat mis mei. It wie foar de man allinnich wat ferfelend dat de hiele saak der út seach sa’t it der út sjen moat. Dan is der gjin wurk fansels. En dan begjint sok folk blykber yn ûnnoazel praat te ferfallen (fan itselde kaliber as dat ik ea by de notaris meimakke doe’t ik it hûs kocht).

It gong oer beweging. Oft ik dêr wol genôch fan krij. Wakker optein fertelde ik de man fan de nije fyts. Doe sei de fytsmakker dat dat nep wie. Dêrmei wie it my oer en ha’k mar net ferteld fan al dy lopen nei de kuolkast. Ik bin bang dat de bloeddruk by de ôfreis al wer gâns heger wie as by oankomst.

Hoech oer fjouwer moanne pas wer te kommen. Dan sil it wol bekommen wêze.

Published
Categorized as Bloch

2 comments

  1. Blogst wer jonge? Dan set ik dy wer op ‘e list. moai datst wer meidochst.Trouwens yn Wommels ha se ek in OKTOBERFEST. Ja, wier, sa is’t skreaun en de poster is echt, tsja, Dútsk, dat faaks hat de Relyeksersysje dêr ek mei te krijen. Mitmachen!!!!! Ik gok mar wat :>)

  2. Ik wit net oft dat wol wat foar my is. Docht my tinken oan Helgolânske tastannen dêr’t ik ienkear yn de trije jier kom. Dy lange tafels slach ik dan hiel bewust oer.

Comments are closed.