Ferbean

Fan ’e middei mar ris efkes in ferbeane aktiviteit ûndernommen. No binne der guon dy’t my fan in hiel soad ferbeane aktiviteiten betichtsje, mar neffens my falt soks o sa ta. Boppedat soene jo stelle kinne dat as guon harren sels werkenne yn myn ferbeane aktiviteiten hja ek ris neigean kinne soene hoe’t ik sa by dy ferbeane aktiviteiten kom. It is dus net alhiel ûnmooglik dat ik ferbeane aktiviteiten fan in oar yn kaart bring. It is wat kriptysk, ik jou it ta.

Mar hawar: ik ha fan ’e middei in sâlte hjerring hân!!! Soks nei oanlieding fan in feestlike byienkomst yn it – ik sil net oerdriuwe – troch de bank nommen ryklik saaie, stille, iensume, ûngesellige al-den-deiske-troch-de-tiid-kommen. Konkreet: kofjedronken en fisk iten mei in eks-kollega dy’t ik no leaver freon neam.

Dat binne kostbere mominten en dêr mei dan wol in lytse sûnde by. Ik ha op ’t lêst mear mei him te krijen as mei de diëtiste. Ik ha trouwens ek mear mei him te krijen as mei [sensuer].

Wy ha leau ik de helte noch net bepraat fan wat wy beprate soene en ik ha ek al wer fergetten him de groetnis te dwaan fan in redakteur fan ensafh.nl. De erchtinker soe hast wol hawwe wolle dat ik noch foar ferplichte winkelnearing bin. Mei de hân op it hert sis ik ta dat ik dy groetnis live oerbringe sil.

Takom wike freed.

Published
Categorized as Bloch