Fryske kanon

Utnoeging krigen foar de gearkomste fan de krite. Douwe Kooistra komt te sprekken oer de Fryske kanon. Ik ha my efkes netsjes ôfmeld. Want it is tongersdei en dat is myn sportjûn. Freedtejûn wie altyd de jûn fan de krite. Mar se ha it roer omgoaid. Dat komt om’t der no guon yn it bestjoer sitte dy’t ik noch nea op in gearkomste sjoen ha. Se koene net op freed. Ik kin net op tongersdei. Dus.

Dat jout neat. Sa geane dy dingen. It is ek better sa. Wat sil ik as jongman ommers by al dy âld strûken fan oer de santich? En hoe sil sa’n petear gean? Sa: ‘wêrom stiet dit der net yn en dat al?’ En dan is der ien dy’t seit: ‘Jim hoege net nei my te lústerjen, mar ik fyn…’. Dat seit er net ienkear mar de hiele jûn troch.

Soe oars wol nijsgjirrich wêze te witten hokker kanon Douwe ferdigenje sil: dy fan syn broer of dy fan Goffe (en in bytsje fan my). Sa’t jim sjogge: alle objektiviteit is my frjemd.

Published
Categorized as Bloch

2 comments

  1. Nee, dat soe men net hoopje. Der is justerjûn al wat oars ûntploft: fielt hiel nuver oftst ynienen gjin koppeling mear hast. Mar ik bin in goede sjauffeur.

Comments are closed.