Baas sjauffeur

Dat wie justerjûn wat in wondere gewaarwurding. Krekt in maat yn Sint Anne ôflevere, krúskje ik moai fierder troch dy metropoal en bedarje mei de oerbleaune passazjier foar de Hoofdweg. Ik mar traapje en traapje mar it koppelingspedaal sa lam as in deade hazze oan de line. No bin ik fansels in baas sjauffeur en noait yn panyk dat ik sei tsjin de maat: ‘Dan moatte wy it mar wat ridende hâlde want rinnen is my te fier’. En dat gong hiel bêst [ha it jongfolk hjoed efkes útlein dat jo hiel goed skeakelje kinne sûnder dy helpmiddels te brûken].

Maat – dy’t sawat healwei Sint Anne-Bitgum wennet – wegere lykwols út in ridende auto te springen dat ik moast dêr al efkes ho hâlde. Mar dan steane jo dus stil. En dan komme jo net wer fuort want út stilstân wei yn de ien skeakelje kin dan wer krekt net. Mar om’t ik ek op trekkers sûnder remmen, heftrúcks mei in heale meter romte op it stjoer en brommers dêr’t jo ridendewei hieltyd de bûzjykop fan teplak hâlde moatte ride kin, soe dit ek slagje.

Dus, auto út, yn de earste fergiseling en dan starte. Sa bedarre ik moai aardich yn Bitgum, efkes in slach om de terp en dan ús op in deade punt útrinnend reetsje yn. Oan de ein dêrfan past it altyd krekt en moat ik yn de tebek om op it hiem te kommen. Motorke út, yn de tebek en starte mar wer. Tagelyk hiel rap oan it stjoer skuorre. Hy stiet te plak, hast mei de kont tsjin it stek oan en yn de achterút. Dêr wol er net wer út. En mei’t it stek djoerder wie as de auto doar ik net wer te starten. Hoe’t it fierder moat sil ik moarn besjen.

Published
Categorized as Bloch