Haadpriis

It naait der mar wer út yn de Frysk literêre wrâld. Wy moatte oan de seks. Leaver sein: wy moatte dêr oer skriuwe. En dat komt om’t de sjuery fan de Rink van der Veldepriis net rjocht klear komme koe.

En dus jout in sjuerylid nochris efkes in fikse draai oan it sjueryrapport. De ynset sil net wêze de tekoartkomming fan de priiswinner noch ris wer foar de fuotljochten te heljen mar yn de praktyk is dat al sa fansels.

As in soartemint fan ekskús stelt se fêst dat de sjuery ‘lekker maklik, nochal ja’ west hat. En dêr moat in ferfolch op komme. Friezen wurde noege harsels om te bouwen ta lytse krimineeltsjes mei’t se om anonym yn te stjoeren earst ien as d’oar heimsinnich nepemailadres oanmeitsje moatte.

Wy kinne dus ynstjoere foar in priisfraach. Ik doch der gjin link fan. Dat dogge jo nammentlik ek net as jo temûk nei de hoeren geane.

***

Dan ha wy de Fedde Schurerpriis. Ik ha al efkes stimd. Dat foel noch net iens ta mei’t de registraasje net rjocht slagje woe. Ik koe der net efter komme wat ik yn it earste fjild no krekt ynfolje moast. Lang om let ha’k ús pake syn namme der mar yn set. Dy is al lang dea dat dêr sil wol gjin ferkeards fan komme kinne.

De stimmerij sels is fansels sa fraudegefoelich as mar wêze kin mar dat is op in oar plak al synjalearre. It boek dêr’t ik op stimd ha wint it tink net. It is oars al it moaiste boek mar ik ha der benammen op stimd om’t de útjouwer noch hjir of dêr in betankje hinne stjoere moat. Dat sil wol net mear barre want de betankkultuer yn de Fryske útjouwerij is assimilearre ta bankkultuer.

De haadpriis fan hjoed giet dan ek wer nei de Frysk kulturele ynstellings.