Btw

De Btw is omheech gien. Dat ha se yn De Haach betocht. En dy ferheging wurdt betelle troch de ZZP-er.

De ZZP-er hat in maneezje en rekkenet € 185,00 de moanne oan stâljild. Dan giet de Btw omheech mei € 1,11. Omdat wy oer 30% fan dy € 185,00 earst 19% rekkenen en no 21%. Oer 35% fan dy € 185,00 rekkenje wy 6% en oer de lêste 35% rekkenje wy neat.

Soks allegear om it yngewikkeld te meitsjen. Fine se yn De Haach leuk. It jildt oars net foar alle maneezjes want it hinget gear mei it al of net oanwêzich wêzen fan binnenbak, bûtenbak en oare Haachske útfynsels.

Dy Btw-ferheging rekkenet de ZZP-er fansels net troch oan de klant want dan komme wy op it ryklik ûnmooglik bedrach fan € 186,11 út. Boppedat stegerje de klanten al by it hearren fan in eventuele ferheging.

De ZZP-er hat 20 happes te stean. Hy leveret dus € 22,20 de moanne yn. Noch ôfsjoen fan kosten dy’t troch de Btw-ferheging omheech geane en wól by him yn rekken brocht wurde.

De ZZP-er hat ek noch in twadde tak. Wat mei in hammer en in beitel. Docht er sa’n 100 oeren yn de moanne. Meast jûns om’t er de godgânske dei mei dy happes besteld is. Oerlean € 29,00. By ien klant komt dat mei dy 100 oeren op € 2.900,00 eks. Btw 19% € 551,00. Btw 21% € 609,00. Ferskil: € 58,00. De ZZP-er wol de klant net kwyt dat hy beslút yn oerlis gjin 100 oeren mar 98 oeren yn rekken te bringen.

No mar hoopje dat se dit yn De Haach ek lêze. Want der binne leau ik noch wat oare snoade plannen op komst.