Sensuer by de djipfriezen

Artikel oer Johan Cruijff op de Fryske koppypeestmasine ItNijs.nl (sjoch ûnder, produksje 1). No bin ik net sa fan de balskopperij mar myn each lûkt dan nei sa’n artikel. Om’t it sok abominabel Frysk is dat ik der akút fan begjin te skriemen.

Goed, dêr moatte jo jin oerhinne sette en skeakelje nei de humoristyske modus. Dus skriuwe jo in reaksje (produksje 2). Dy reaksje wurdt nei in minút as fiif ferwidere en it artikel wurdt oanpast (produksje 3). Alhiel yn de es skriuwe jo wer in reaksje (produksje 4).

Alles fûtsy by de grapjurken fan ItNijs.nl. Is soks slim?

Ja. Wat noch slimmer is, is dat mocht ik net reagearre ha produksje 1 stean bleaun wie sa’t er der stie. En dus, achte djipfriezen, ûnderdiel útmakke hie fan it kursusplan fan de Afûk, te sizzen it digitaal boartershoekje dêrfan, om krekt te gean: EduFrysk.nl (produksje 5).

Dat ik produksje 5 hjir delsette kin jout oan dat ik ynlogge kin op EduFrysk. En dat jout oan dat de direksje dêrfan gjin idee hat fan wat der om giet en dus ferkearde sifers oan b.g. de provinsje oanleveret.

Mar wy meie yn Fryslân gjin krityk hawwe. De djipfriezen ferbiede ús dat oan alle einen en kanten. Alles wat ek mar in bytsje op Frysk liket moatte wy posityf oer wêze. Oars binne wy gjin goede Friezen.

Dat se der sels geregeldwei in soadsje fan meitsje, nee, soks mei net neamd wurde. En dat se noch geregelder mei sok âldfrinzich taalgebrûk oansetten komme dat de trochsneed Fries – lit stean in kursist – der gjin tou oan fêstknoopje kin? Nee, dat mei ek net sein wurde.

Dat de Afûk-direkteur âld-foarsitter Arno Brok útlake om syn geve Frysk? No, dat mei alhielendal net sein wurde. Dêr hat Arno Brok oars alris in kollum oer skreaun dy’t ik spitigernôch net mear fine kin.

Djipfriezen en Afûk-direksje dogge itselde. Se fergje fan in oar dat se ‘o sa’ foar it Frysk binne. Sels ferrekke se it.

Mar dat meie wy net sizze.


Produksje 1

Ynbraak by Johan Cruijff

De Spaanske krante El Periódico meldde tiisdei dat Johan Cruijff slachtoffer wurden is fan ynbrekers. Syn hûs yn Barcelona is moandei leechrôve.
Johan Cruijff mist foarwerpen ter wearden fan in heal miljoen euro, it giet hjir om gouden horloazjes en bekers dy’t hy wûn hat tidens syn karriêrre.
Neffes boarne klomme de dieven oer de moarre rûn syn hûs. Dêrnei krongen hja troch de traaljes fan in rút nei de twadde ferdjipping. Cruijff wie op it momint fan ‘e ynbraak net thûs; hy ferbliuw yn Mexico.
De ynbraak waard ûndekt troch de buorlju. De dieverij wurdt troch de polysje ûndersocht.


Produksje 2

Dus…, in nije taalkundige by ItNijs.

Hup Fryskens, hup.

Mar jim sille de flaters der wol úthelje, nim ik oan. Sadat dizze reaksje nearne op slacht. Dat is ek in metoade.


Produksje 3

De Spaanske krante El Periódico melde tiisdei dat Johan Cruijff slachtoffer wurden is fan ynbrekkers. Syn hûs yn Barcelona is moandei leechrôve.
Johan Cruijff mist foarwerpen ta wearden fan in heal miljoen euro. It giet hjir om gouden horloazjes en bekers dy’t er wûn hat yn ‘e tiid fan syn karriêre. Der wurdt grute dat de dieven oer de muorre rûnom syn hûs klommen binne. Dêrnei krongen hja troch de traaljes fan in rút nei de twadde ferdjipping. Cruijff wie op it momint fan ‘e ynbraak net thús; hy ferbleau yn Meksiko.
De ynbraak waard ûndutsen troch de buorlju. De dieverij wurdt troch de polysje ûndersocht.


Produksje 4

Fytjûpes.


Produksje 5