Kollum

Hjoed stiet der in kollum fan my op ensafh.nl. Dat komt om’t ik ynroastere wie foar 18 april. Op ien as d’oare wize hie ik mysels de datum fan 28 april yn it kopke plante en troch digitale ôfwêzigens wie it my finaal ûntkommen allegear. Dat ik ha no leau ik alle skema’s by ensafh.nl yn de tiis skopt.

De kollum is ûnderwilens datearre want snein skreaun. Doe wist ik noch net wat de rûnom achte hear Koen Eekma juster allegear foar ûnsin ferkundigje soe. Ik gean dêr fierder mar net op yn.

Al mei al is it fansels sa dúdlik as wat dat dy staveringswizigings troch gean sille. Yndividuele protesten dêr’t al in hantsjefol fan binne sille neat úthelje. It is allegear al yn kalk en semint. En sjoen de gearstallings fan de bestjoeren fan it Skriuwersboun en de FFU hoege wy fan it organisearre fjild neat te ferwachtsjen.

De protestearders en ik dus ek sille har nei alle gedachten by ien en oar dellizze. No net, moarn net en oaremoarn ek noch net. Mar oer in jier as fiif al, ha ik it op. Al jou ik mysels oant no ta altyd de frijheid troch te gean mei it skriuwen fan ‘ik skreaf’, ‘ik bleaf’ en ‘ik treaf’.

Dat it is net alhiel útsletten dat ik dwers en ferkeard bliuw. En mei my faaks noch in stikmannich lju. Lju dy’t de tekst dy’t wy hjir earne yn in gebou te hingjen hawwe ‘Wa’t syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt’ noch op wearde skatte.

Emosjonele wearde. En dat is mar goed ek, oars soe Koen Eekma it jin noch ûntnaderje. De tsjeaf.