De ramp

No, der is ferline wike in fleanding út de loft sketten. Dêr liket it teminsten op. Wie op it nijs doe’t ik by ús omke wei kaam. Dan sitte jo lykwols yn de auto en dan moat ik de kop by de dyk hâlde dat dan krij ik soks net goed mei. Sjoch ek net wa’t ik tsjin kom, as soe it de kening himsels ek wêze.

Sok nijs is fansels gjin moai nijs, dat is helder. Dêr moatte jo fansels ek gjin flauwe grappen oer meitsje. Dat is al dien. Troch de ferneamde Djipfriezen fan ItNijs.nl. Se binne noch oanskreaun troch dizze en jinge. Net troch my fansels want se ha my yn de ban dien dat dan hat soks net folle doel. Der is frege wurden om ferklearrings, om ferûntskuldigings en al sa mear. Gjin reaksje foar safier’t ik neigean kin. It binne gewoan grappen dy’t út noch yn net kinne mar dat wol sok folk net oan.

Grappen dy’t wol kinne binne de hiele dei yn it nijs. De iene nei de oare bobo fiert in toanielstikje op om oan te toanen dat er/se yn dizze situaasje folslein ûnmisber is. It management – de skûtsjesilerij en de KNKB foarop – lizze it folk op dat it tige winsklik is in pear tellen stean te stean by dizze ramp. It mankearret der noch mar oan dat alle festiviteiten ôflast wurde.

Dêr ha ik oars wol begryp foar as it om rampen of ûnken giet dy’t de mienskip reitsje. Sa is de Nacht fan Bitgum al ris ôflast wurden. Folslein begryplik en legaal. Oflast troch de mienskip.

Mar dat mei dat fleantúch nimt slim hilaryske foarmen oan al fergiet it laitsjen my der by. Leaver sein: ik wurd der planút dûm fan. It binne hjir de ‘oer ús stelden’ dy’t útmeitsje sille hoenear’t wy skrieme moatte en hoenear’t wy wille hawwe meie.

Wêrom soe ik wille meitsje moatte as der fierder neat te rêden is mar der al in bus fol Sjinezen omkommen is? Dat wiene mar 38 lju fansels dat soks hat gâns minder om de hakken as sa’n heechfleanend apparaat. Wêrom moat ik wille meitsje as der alle dagen withoefolle lju dea delfalle fan klearebare earmoed mar my soks net trochdien wurdt?

Wêrom moat dat? Omdat dat gjin Nederlanners binne? Omdat dat gjin Friezen binne? Omdat se sa swart as roet of sa bleek as de sykte binne? Dêrom?

Ja, dat sil it wêze. It blanke folk earst en foar alles. Dan binne wy yn djippe rou.

No: ik net: ken der net ien fan. Dêrmei sis ik net dat it foar de neibesteanden yn kwestje net slim is mar kom my net oan mei de ûnsinnige massahystearje dy’t geande is.

O ja: ik ken al ien. Hat hjir lêsten in nije ynternetferbining oanlein. Ik leau ien fan de firma KPN. Koste in bytsje minder as in miljoen.

Dêr moatte wy wille om ha. Skriemen is ferbean. En Frysk moat, neffens ItNijs.nl. Rukt gjin reet hokker Frysk, bryk Frysk, gjin Frysk, as it mar op Frysk liket. Alle ûnderwerpen binne tastien. Foar de goede saak.

Laitsje, kringen!

2 comments on “De ramp

  1. Jelle Breuker 22 july 2014 11:18

    Bêste Daam,

    ik lês op ‘en nij dat jo troch KPN gnidde binne. Ik krekt net. Monteur …Lei (fan Peasens-Moddergat*) fan KPN hat my in pear moanne lyn poer- en poerbêst foldien by it oanlizzen fan ynteraktive tillefyzje, sûnder dat it my in grouwe sint koste hat. Ik begryp der neat fan, dy monteur wurket yn it gebiet dêr’t Bitgum en Stiens, myn wenplak , ûnder falle. Jo moatte by KPN mar it mâle fel oanlûke. Súkses!

    Jelle Breuker

    * Omdat der fanâlds yn Peasens in wetterke op it Waad útstreamde dat al lang ta in leie ferwurden is, seach ik in ferbân tusken Lei en leie. Lei wist fan neat.

  2. Daam 22 july 2014 18:49

    It hat my ek neat koste. En de lêste monteur (dat sil dan dy goede west hawwe) wie yn 2 minuten klear. De oare 3 ha tolve oeren omgriemd.

    En dat sawat miljoen? Tsja… dat giet oer it aktuele nijs…

Comments are closed.