Nij regear

Ik wist net heal dat se yn de polityk sa skreppe koene as dat se no sjen litten hawwe. Hulde!

It CDA mocht it foartou nimme want dat is fierwei de grutste partij. Dat moat al justjes yn perspektyf sjoen wurde; sa’n 11 persint fan de lju mei stimrjocht hawwe foar har keazen. Dêr ha ik de thúsbliuwers dus yn ferdiskontearre want dy hat it CDA net. Mei net fan dûmny.

De PvdA hat slim ferlern dat dy komt net yn it kabinet en krijt dus ek gjin ministers. De kiezers ha nammentlik lanlik fêststeld dat it loftse rakkers mei in rjochtse ynklaukrupsje binne dat dan krije jo soks. Ik kin ek net oars as fêststelle dat dat byld strykt mei dat wat ik fan my mear as bekende – mar gjin politisy – PvdA-’ers ha. Prima saak dus al bin ik bang dat de measte kiezers net fierder kommen binne as nei de lanlike bobo’s te sjen. Fout!

No sil de VVD it regear gedoge. Dy ha ek ferlern mar net sa slim dat jo se fuortendaliks links lizze litte moatte. It binne treflike maten en se kinne foar’t neist foar gâns smaroalje soargje dy’t jo sels leaver noch efkes yn it fet hâlde. Prima, prima, prima.

De FNP docht fansels ek mei want dat is in stabile faktor. My tinkt dat se nei de konstruktive hâlding fan de lêste jierren de swierste portefúlje ha moatte: de ljip. Dat kutbist moat omstean leare. Ha wy de Hollanners krekt sawat bybrocht dat hja harren yn hâlden en dragen oanpasse moatte oan de biotoop dêr’t se yn ferkeare, dit ferflokte kring op twa poaten mei in snaffel ferpoft dat oan alle einen en kanten. It moat net idioater!

Foar de social look is de SP oanskood. Dat deart my bot oan mar it lân moat no ienkear bestjoert wurde. Ik hoopje net dat it misbeteard want dan moat it hiele spul nei it Leger des Heils en dat soe skande wêze.

2 comments on “Nij regear

  1. jqs 4 april 2015 11:31

    slotalinea:
    bestjoert > bestjoerd
    misbeteard > misbeteart

  2. Daam 4 april 2015 12:41

    ‘bestjoert’ hie ik earst ek as ‘bestjoerd’ mar doe tocht ik oan ‘befytst’ en ha ik it feroare. Dy d’s en t’s bliuwe in drama by my.

Comments are closed.