Partytinte

Okkerlêsten wie der by Ferwert in grutte fik. Koartsluting yn in lasdop wie de oarsaak. Sille wol Gammadingen west ha. By dy brân binne frijwat bisten omkommen, benammen lytsguod. Dat is de skuld fan de Gamma dus.

De oare bisten ha gjin dak mear boppe de holle. Ek de happes net. No kinne happes goed oer de waarmte want se switte helte earder as minsken mar dat wit de trochsnee paardeleafhawwer fansels net. Dy ha ryklik gau begrutsjen mei it dier.

Mar goed, de boerin moat de stipers ta freon hâlde en hat de Formido yn Stiens it fersyk dien om in pear partytinten foar de happes. Ik wit net wêrom’t soks partytinte hjit want it is hielendal gjin tinte mar mear in paraplu op fjouwer poaten dy’t ek brûkt wurde kin as de sinne it net al te dreech hat.

It is te hoopjen dat de boerinne aardich wat stroom op de framen set want as sa’n happe begjint te rossen dan is der samar in poat minder fansels. Of by elke poat moat in stiper stean, dat kin wol. Binne jo der ek efkes út.

Wat no it mislike fan dizze hiele grap is, is dat Formido dy aksje op Feestboek set hat. Ik gok dat dy beide tintsjes fan deselde kwaliteit binne as de Gammalasdoppen dat mear as € 15,00 it stik sille se de Formido net kostje.

Dat is dan in ferdomd goedkeape advertinsje. Mar paardeleafhawwers frette alles. Utsein hynsteljirre.

One comment on “Partytinte

  1. Jelle Breuker 3 july 2015 18:02

    Jo kinne it oars sjen, De Vries. Ik wie der tsjûge hope’t it frommiske fan Ferwert, har Fryske fan net wurdich, troch de Welkoop yn Dokkum fleach en tsjin de mââlly , as se nol of net mei in klant dwaande wiene, raasde , ja raasde, dat sy daliks holpen wurde moast. se woe de goedkeapste elektryske seage hawwe, jo as faber witte wol dat dy dingen net om ‘e nocht binne. In âldman, al licht yn ‘e skouders, sei letter tsjin my, bûtendoar sadat nimmen behalven ik it heare koe. mei piipjende mûsstim dat it dy frou fan ferwert wie, hy hie har op de Frieske televisie sjoen. Se siet ûnder, mar dan ek ûnder de tattaasjes. Ik tink dat se har ek yn Stiens op syn grouwélichsten tjirge hat en dat de manlju fan Stiens, op ien nei de behindichtse neist, net oars kinne hawwe en jou har de tinten fergees. As se omwaaie hawwe se harren swiet geniet.

    Wat oars: ik kin myn eigen tekst suver net lêze, sa brúnskier binne de letters. Kin dat net oars?

Comments are closed.