Winter yn Fryslân
Jonge noch oan ta, wat in drokte om dat winterke dat wy hawwe. Ja klear, ik bin no fiif kear ûnderút gongen en ienkear troch in bestelbuske snaaid, mar so what?
En it wie fan ’e moarn doe’t de fyts op temperatuer wie, -12. Wat dan noch? It nijs lit it foarkomme as ferkeare wy yn ien as d’oare rampsituaasje. Om my mei it ek wol gau wer simmer wurde mar om it folk no oan te moedigjen foer yn te slaan as soene wy fjirtjin dagen net út stee kinne, liket my frijwat oerdreaun.
‘79 net meimakke, tink?
Ik ha net hamstere en de foarried sjocht der likernôch sa út: kofje foar in dei as fiif, 4 pûden sjips, twa heale hinnen, dinkje shoarmafleis, hast in hiele groffe folkoaren, ierdappels, spitskoal, woartels, patat, frikandellen, kroketten. Twa fleskes bier, oanbrutsen flessen kola, sinas en cassis. Ranja. En wetter út de kraan.
It iennichste dêr’t it my mooglik oan ûntbrekke sil, is tabak. No ja, dat is dan efkes net oars. Dêr geane jo net dea fan.
Geastlik bin ik ek op peil. Fan ’e middei noflik kofjedronken. Ik sis mar net mei wa, dan krije wy dêr wer gesoademiter oer. Mar hy koe dus al delkomme. Sil Beatrix ek wol moai fine. Al fyn ik persoanlik dat Twitter, Skype en mail yn dizze rampsituaasje wol aardige helpmiddels binne.