Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

Winterfandalisme

Justerjûn in bysûndere foarm fan winterfandalisme tsjin kommen. Sawat tusken Bitgum en Sint Anne riisde my ynienen in sniemuorre foar de snuffert op fan sa’n 75 sm heech. En dy wie net natuerlik foarme. Rotbern!!!

De fierdere steat fan it fytspaad wie oars ek net om oer te swetsen. Typysk in staaltsje fan burolju dy’t fandalistysk genôch binne om it oars troch sawat alle partijen oanmoedige fytsen nei gychem te helpen.

Mar nóch fandalistysker is it fansels dat der foar it geriif fan de ûnnoazele automobilisten wat ekstra sâlt út de grûn skuord wurdt. De hiele provinsjale polityk is dêr – neffens eigen sizzen – sawat op tsjin. Mar der wat oan dwaan? Ho mar!

Is dêr wat oan te dwaan dan? Jawis: sjipje dat minsk yn Den Haach ris goed yn. En bargje dêr foar de gelegenheid dan moai wat sâlt troch. Faaks sjocht se de snie dan net mear. Wurdt it har swart foar de eagen.

Liket my wol in moai putsje foar Piet Adema. Dy ferfeelt him no dochs. En Piet: sorchfuldich hannelje!!! Dus earst de gefoelstemperatuer fan de snie opmjitte. En letter net sizze dat de waarsberjochten net útkamen.

Comments are closed.