Typysk Frysk?
Ut it nijs en fan it praat fan lju dy’t ik wolris earne tsjin kom meitsje ik op dat ik in priis wûn ha. Myn namme wurdt der net by neamd.
Nee, ik sis net hokker priis. Salang’t de priisútrikker it blykber gloeiend ferpoft my dêr formeel fan op de hichte te stellen, swij ik as it grêf.
Soe dat no typysk Frysk wêze?
jannewaris 16th, 2010 at 19:16
Nee dat is net typysk Frysk.
Typysk Frysk is Beerenburch
jannewaris 16th, 2010 at 19:27
Ah, ik begryp it. Dan kinne wy der tink ik fan út gean dat de priisútrikker behoarlik fan de BB nipt hat.