Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

Neat

Bin jûn wer ris aardich ferstuivere thús kommen. Gearkomste oer it ien en oar. Dat wie yn in kertier beslikke en dêr giet it dus ek net oer.

It giet al efkes oer de soan fan de gastfrou. Dy is 23. Hat trije jier yn de bou wurke. Mar dêr giet it net sa goed. En dus hat er dien krigen. Krijt 4 moanne WW. En dêrnei neat.

Neat? Dat woe ik net leauwe. Mar it is al sa. Ien as d’oare idioat (of in pear idioaten byinoar) ha okkerjiers útfûn dat jongeren ûnder de 27 dan mar troch heit en mem ûnderholden wurde moatte.

No wennet dy jonge noch thús dat de ramp is oer te sjen. Boppedat ha heit en mem it net hiel min dat dat sil allegear wol goed komme (mocht er foar dy tiid net oan wurk slagje).

Mar ik ken noch in pear fan dy leeftyd dy’t nét mear thús wenje. Dy moatte dan dus werom nei heit en mem? Hoe stelle dy idioaten har dat eins foar?

Nee, ik leaude it net en wol it eins noch net leauwe. Neat is nammentlik net in soad. En neat moat hiel letterlik opfette wurde, sa moat ik begripe: se krije dus ek gjin bystân. Se krije neat. Neat.

Neat!!!

Mar se meie net lilk wurde op 55-plussers. Dat is dan dochs noch wat.

Comments are closed.