555
Ha jo al efkes in moai dofke oermakke op 555?
Moai sa, dan bin ik dêr frij fan. Sa net, dan nim ik der frij fan. Under oaren de provinsje hat nammentlik al witte litten dat se myn kapitaal brûke sille om har sels yn de picture te spyljen. De gemeente Ljouwert ek. Op It Bilt hat in massaazjebedriuw in ferkapte advertorial fia de omrop de loft yn stjoerd. En sa is der noch wol ien en oar.
En harrejasses: sels Piet seit dat it jûn goed waar is om aksje te fieren.
En dochs fiel ik my net krimineel al hoe’t elk syn bêst ek docht my der fan te oertsjûgjen dat dat al sa is.