Swart
Wyt is gjin kleur. Dêr is dan ek gjin omskriuwing fan te jaan. Dochs is it frij helder foar elk dat as de wrâld wyt is it op de dyk slim gefaarlik is. Dat wurdt in tikkeltsje oars as de diken swart binne. Dan binne de Friezen der frijwat mei oan en litte se plysje-auto’s foarop ride om de faasje oan te jaan.
It wurdt dan ek heech tiid dat dit winterke ris ophâldt want as it kuddefolk De Friezen wend binne oan dy plysje-auto’s dan skeure se dêr aanst like hurd efteroan as se mei swaailjocht en sirkusmuzyk de faasje oanjouwe. En dêr komme fansels ûngemakken fan.
It soe in goed ding wêze as de Friezen ris wat mear stúdzje fan dy swarte diken makken:
Standert Swart – 0C, 0M, 0Y, 100K – Gewoan swart.
Ryk swart – 63C, 52M, 51Y 100K – It ‘âlde’ Photoshop swart.
Kâld swart – 60C, 0M, 0Y, 100K – Nei blau útskaaiend swart.
Waarm swart – 0C, 60M, 30C, 100K – Swart mei in reade gloede.
Register swart – 100C, 100M, 100Y, 100K – Fjouwerdûbeld swart.
Wintersk swart – 70C, 50M, 30Y, 100K – Iisbaan swart.