Brassband It nije lûd opdoekt, foarsitter ûnderdûkt

Fan ús korrespondint – Justerjûn is yn in emosjonele besletten gearkomste brassband It nije lûd opdoekt. Dat wie gjin unanym beslút mar om noch mear reboelje foar te kommen hawwe de leden besletten gjin kommentaar te jaan en dat oer te litten oan de foarsitter. De foarsitter is allinnich telefoanysk te berikken, hy is ûnderwilens mei de frou ûnderdûkt. Foar ienkear woe er ús te wurd stean.

Oanlieding foar de twaspalt is in al lang slepend skeel dat sa’n fjouwer jier lyn begûn, sa leit de foarsitter út. It wie by ús altyd wenst – en dat is al goed fyftich jier sa – dat wy alles en elkenien ynsette om de eksploitaasje rûn te krijen. In brassband draaiende hâlde is net neat, dat moatte jo meiïnoar dwaan. Al ús aksjes byinoar smite sa’n € 15.000,00 jiers op. As wy dy ynkomsten misse dan soe de kontrebúsje goed fjirtich euro de moanne omheech moatte. Yn dat gefal soene wy in eliteband wurde en dat is net wat wy wolle.

In tal âldelju lykwols makke beswier tsjin it ynsetten fan harren bern by de ferskate aksjes dat wy misse no nochal wat hannen om bygelyks ijsko’s te ferkeapjen en tasicht te hâlden by de grabbeltonne dy’t wy hjir en dêr wolris hawwe. En dan giet it der fansels hielendal net om oft dy bern no tsien of hûndert euro byinoar harkje, it giet derom dat se meidogge en wy se boppedat yn it totaalplaatsje hielendal net misse kinne en wolle.

Dat stiet spitigernôch allegear net op papier dat de âldelju steane op har strepen mei it sizzen dat 2017 gjin 1947 is. Se hawwe it noch krekt net oer berneslaverij. No soene wy dit allegearre noch wol oplosse kinne as it net sa wie dat der no oare âldelju binne dy’t it ferpoffe om langer mei in auto fol bern nei in konkoers te karkjen wylst dêr guon fan binne dy’t der fan harren âldelju allinnich foar de leuk by binne. Dêr komt noch by dat guon fan de foar-de-leuk-bern it ynstrumint ek brûke foar solo-optredens hjir en dêr. Foar in muzykferiening mei dat eins gjin probleem wêze mar it betinken fan guon is dat dat dan wol dien wurdt om’t oaren alle jild byinoar swylje moatte.

Underwilens is it safier dat de bern net meiïnoar opfytse wolle, net byinoar op de jierdei noege wurde, op skoalle útinoar holden wurde moatte en der op de ferskate sosjale media in folsleine cyberoarloch geande is.

Dat kin neffens in grutte mearderheid fan de leden de bedoeling net wêze mar wy sjogge ek net hoe dit noch te kearen. Sadwaande is it beslút fallen de feriening nei in tal jierren trelit no fuortendaliks op te doeken en it ynstrumintarium mei in wearde fan sa’n twa ton te skinken oan in klup yn Nigearia. Dan binne wy der teminsten wis fan dat it hjir yn guon har eagen net yn ferkearde hannen falt.

In maklik beslút wie it fansels net en de gefolgen sille grut wêze. Gjin muzyk mear by optochten, feesten, houliksjubilea, keatsen en al sa mear. Tsjerketsjinsten bygelyks. Foar it gebou dêr’t wy rippetearden sille der ek konsekwinsjes wêze. Wy wiene dochs ien fan de grutste hierders dat oare ferienings sille no wol mear betelje moatte. It troch ús krekt wer oppikte boekesuteljen fan de baan. Yn maaie gjin geraniums mear te keap.

En it muzykûnderwiis op de skoallen? Dêr stelden wy altyd ynstruminten foar beskikber. De muzykdosint leveren wy ek. Alles foar alle bern…

Mar wy wolle gjin deaden. It iennichste dat wy woene wie in ijsko en in grabbeltonne. En wy hiene en hawwe bepaald net it idee dat der oait bern west hawwe dy’t dêr in trauma oan oerholden hawwe. Yn 1947 net en yn 2017 ek net.

Oft se al oerspand wurde dan moat dat yn it foarste plak yn de thússituaasje socht wurde. Dêr kinne wy net tsjin blaze.

One comment on “Brassband It nije lûd opdoekt, foarsitter ûnderdûkt

  1. Eddy Drost 18 febrewaris 2017 11:56

    Pracht ferhaal.

Comments are closed.