De Langestraat
Ik sil yn dit stikje efkes net ynhâldlik yngean op de snoade plannen fan Piet Adema want as ik dat al dwaan soe dan is de kâns grut dat ik meikoarten fan firtuele moard beskuldige wurde sil.
It giet no efkes om de ferslachjouwing fan dy ferrekte omrop. Dêr hawwe se it mar steefêst oer in tunnel ûnder de Langestrjitte troch. Der is hjir gjin harsens – sels de djipste djipfries net – dy’t dy dyk Langestrjitte neamd. No ja, faaks ien: Bertus Postma. Mar dat is dan ek ymport en op de keper beskôge dus eins in allochtoan.
Dy dyk hjit: de LangeSTRAAT!!! Dat komt om’t oft jo dêr oer de feart stappe jo op it Bilt binne. Dat is dus Bilts. En Bilts is gjin Frysk. Dus hoe krije se it yn ’e harsens!!! De sljochtweihinne Hollanner neamd de Buorren ek gjin Buren wol?
En fierder: de Langestraat is oriïntearre op Bitgum en net op Bitgummole. Bitgummole bestiet nammentlik noch mar krekt en se dogge dêr altyd wol wakker as is alles dêr better mar dêr is it folk fan de Langestraat it dus net mei iens. En ik ek net. Ik ha dan ek oan de Langestraat wenne.