Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

Pauw en Witteman

By boppesteande twa hearen gie it justerjûn oer it ûnderwiis. It stiet der net al te bêst foar mei it ûnderwiis. Dat wie gjin nijs foar my. Want dêr haw ik de ôfrûne jierren genôch fan mei krigen. Wat justerjûn lykwols hiel goed te sjen wie, is wêr’t soks ta laat: amper nei te kommen jongelju dy’t sels ek aardich goed yn de gaten hiene dat se net út de wurden komme kinne. As dit sa troch giet dan duorret it noch mar krekt efkes of ik ferstean it jongfolk hielendal net mear.

No is ek dat hielendal gjin nij fenomeen foar my. Yn Fryslân spilet dat probleem fansels al folle langer. It lêste jier wurd ik dêr wat faker mei konfrontearre. Dan moat ik de kardiolooch of ynternist fréégje oft er my wol begrypt. De measten binne dêr oars aardich tûk yn mar der is ek ien by waans attitude op slach feroaret by sa’n fraach. Mar ja, ik wol der al wis fan wêze dat ien en oar goed komt, fansels. Boppedat lizze dy dokters ferskillende ferklearringen oer myn lichaamlike gesteldheid ôf dat trochfreegjen kin dan gjin kwea.

Dat doch ik dan dus yn it Frysk. En it is net sa lykas Huub Mous ferûnderstelt dat wy rûnom yn Fryslân mar Frysk prate kinne. Yn guon situaasjes moatte jo ryklik sterk yn de skuon stean om dat fol te hâlden. Lês: yn guon situaasjes is it in poepetoer jinsels net wei te smiten.

Mar dêr hat Mous fansels gjin weet fan. Want hoewol’t er yn myn eagen ta weismiten keard is sil er dat mei himsels nea dwaan. Leaver spilet er yn op it gefoel fan de Friezen. En dat gefoel is neffens him: Friezen binne deun. En dus wurdt it argumint fan de sinteraasje der wer ris byskuord om oan te jaan dat elke sint foar it Frysk ien tefolle is. Dat is dus de Mous-metoade, besibbe oan de Wilders-metoade. En nee, dat haw ik net fan Goffe Jensma. Wy hearre Mous net oer al it jild dat spandearre wurdt oan it (twongen) ûnderwiis yn it Nederlânsk. Nee, dêr hearre wy Mous net oer. Ek net oer de bakken jild dy’t yn de ferskate keunstdissiplines stutsen wurden. Want dan komme wy fansels oan syn eigen tintsje.

Dat tintsje hat er sekuer en eigenhandich opbouwe kinnen. Dêrby hat er hannen fol mienskipsjild ynklaud. Dat is my as deune Fries alhiel net ûntgongen. Mar dat hoege de Friezen tink net te witten, Mous?

As se dat al witte soene dan is Goffe Jensma syn warskôging oer de befeiliging faaks wol hiel terjochte. Want sjoch Mous: Friezen binne deun. Mar goed dat se alles net witte, no?

Comments are closed.