Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

De Mous-sekte

Mous hat fia ensfh myn stikje fan juster ek opmurken. Hy kin der leau ik net safolle mei en docht it dan ek kâldwei ôf as sektarysk gedrach. Dy útspraak hat in nochal heech humoristysk gehalte. Faaks is it ek wol as grapke bedoeld mar – sa jout Mous sels earne oan – syn grapkes wurde net altyd begrepen. Sjoch Mous, de humor is dit: de earste dûmny, regisseur, dirigint, direkteur, dokter, Frysk-beweger dêr’t ik domwei efteroan kloatsekje moat noch berne wurde.

Oant safier de humor. Wat lykwols earnstiger is, is dat Mous fan it hiele gefal gjin soademiter snapt, snappe wol. Mar dat skynt sektelieders eigen te wêzen. It kin my hielendal gjin bliksem skele as it Frysk oer hûndert jier útstoarn is. Oer hûndert jier libje ik net mear. Mar ik libje no noch al en winskje sadwaande dat it heechlearde folk my respektearret. En mei’t ús mem my yn it Frysk opbrocht hat ferwachtsje ik dat sok folk dat op syn minst fatsoenlik neikomme kin. Us mem hat my nammers yn it Frysk opbrocht om’t wy yn Fryslân wenje. Hiene wy yn Frankryk wenne dan hie se dat foar it neist yn it Frânsk of Baskysk dien. Wat dat west hawwe soe wit ik fansels net. Dat soe ik wol witte as ik op Iislân berne wie. Dan hie dat Iislânsk west. By myn witten sa ûngefear it iennichste lân yn Europa dat ientalich is. Mar hjir is dat net sa, Mous. En dat kinne jo allegear wol hiel ferfelend fine mar it lân leit der no ienkear net oars hinne. Dat jo dêr mei jo sekte feroaring yn oanbringe wolle is jo goed rjocht mar dêrom hoech ik dêr noch net yn mei te gean.

Boppedat prate jo der nochal wat nuver yn om, Mous. Jo bûge de winsk om in advertinsje yn it Frysk te pleatsen ynienen om ta de ferplichting dat immen Frysk prate moat. Kenne jo eins it ferskil tusken praten, lêzen en skriuwen wol? Dan eamelje jo op jo bloch ek noch oer wat dialekten yn it Frysk. Kinne jo útlizze wat it ferskil is mei it Nederlânsk? Nee, dat kinne jo net. Jo lulle der mar wat op los om safolle mooglik folk efter jo te krijen. Sektarysk gedrach?

Sil ik it no efkes oerdriuwe, Mous? Jo fine dat it Nederlânsk op in heger plan stiet as it Frysk. Dêrmei fine jo dat Nederlânskpratenden ek op in heger plan steane as Fryskpratenden. Dêrmei achtsje jo josels better as in oar! Sektarysk?

Mar de grutste fraach is fansels wêr’t dy ûnferdraachsumens fan jo wei komt. Gebrek oan ûnderwiis? Ferkeard ûnderwiis? God mei it witte.

Dat jo jo hjir net thús fiele is sa helder as wat. Om dat gear te fetsjen as soe it hjir in diktatuer wêze, giet wol wat fier, net? Al kin sa’n útspraak fansels o sa helpe om jo eigen diktatoriale trekjes wat draachliker te meitsjen.

Comments are closed.