Andert oan Hoeke Tamme

Sjoch, hjir (http://minorities.nl/de-taaltwivel-fan-hoeke-tamme/) stiet in treflike analyze fan de steat fan it Frysk. Jim moatte it sels mar efkes lêze, sadat jim beoardielje kinne wat ik der fierder oer te sizzen ha.

It stiet der net mar tusken de rigels troch lês ik dat perfester Jensma (mar ik mei Goffe sizze ha wy in jier as wat lyn stilswijend akkoarte) fan betinken is dat it de polityk eins gjin byt skele kin hoe’t it der mei it Frysk foar stiet.

Dat is ien ding. Mar no myn oanfolling.

It is allegearre noch de helte slimmer. Lju dy’t moard en brân raze, foaroan rinne yn fakkeloptochten, kranten, websiden en wat al net mear fol kwattelje mei ûnsinnichheden om mar te bewizen dat se och sa, och sa, och sa foar it Frysk binne. Datsoarte lju.

Datsoarte lju? Ik sil it wat spesifiker meitsje: Skoalmasters mei neffens eigen sizzen wol fjirtich jier ûnderfining. Sa’n skoalmaster hie koartlyn op de publike tl fan Goffe noch in epistel dat stiif fan de flaters stie. Sa’n skoalmaster skyt de nijsbrieven fan syn skoalle ek fol mei net nei te kommen Frysk. En is dan ek noch sa arrogant om wurden dy’t lju neffens him wol net begripe sille efter in =-teken oer te setten. Mar de wurden dêr’t er dat net by docht kin er net goed staverje.

Mar hy is och sa, och sa, och sa foar it Frysk. By sa’n skoalmaster is fansels hielendal gjin sprake fan taaltwivel. Sa’n skoalmaster brûkt de taaltwivel fan oaren allinnich mar as fehikel foar syn eigen selspromoasje (en ja, dat docht de polityk ek).

Dat no kinne wy de polityk wol in oplawibus jaan (op himsels in goed ding) mar dan binne wy der hyn ofte nei noch net. Want mei sokke skoalmasters sil net allinnich de taaltwivel oanboazje mar wurdt dy taal oan alle einen en kanten ferkrêfte.

Polityk sjoen kinne jo nochris op in oare partij stimme mar ditsoarte folk dat foaroan yn de djipfryske rigen operearret komme jo sa gau net ôf. Dat is op syn minst sa tryst wol as de kâlde wierheid sa’t Goffe dy opskreaun hat.

One comment on “Andert oan Hoeke Tamme

  1. Eddy 14 july 2017 12:27

    Hahaha, kin om my noch wol wat spesifiker..

    Goffe Jensma hat de keutel by it skjinne ein. Mar net allinnich de polityk, ek de Fryske Akademy is los fan Frysk.

Comments are closed.