Du Nord
Nei in wykein mei wat mear argewaasje as goed foar my is knal ik der efkes in moai posityf bloch yn. No ja, om dochs efkes wat negatyfs te sizzen: it wie fan ’e moarn glûpende kâld!!!
Mar doe wie der kofje en wy ha lekker kofjedronken. Dat lei him net sasear oan de kofje as wol oan it selskip. Wy moasten in date regelje, dat sadwaande. It sil heve op 26 febrewaris. Dan sil ik der efkes mei wat bluisterich jongfolk op út, te witten: in freon, de dochter fan de molkboer en in overloper. No hiene de earste en de lêste betocht dat wy wol nei Du Nord kinne mar dat giet de âld baas te fier. Hoewol’t ik o sa myn bêst doch gjin 55+-kueren te krijen moatte wy it al wat ridlik hâlde. No hie ik myn feto ek al útsprutsen oer de McDonalds dat ik wit net krekt hoefolle kredyt der noch oer is. Sjoch, it is eins frij simpel: op myn leeftyd is bier noch altyd bier mar iten net altyd iten. En seker gjin streksum miel.
No moat ik de jeugd neijaan dat se sa earlik binne te sizzen dat sok fretten ek allinnich as iten beskôge wurde kin nei in flinke neut. Sadat ik uteraard útstelde om earst yn te drinken en dan te iten. Mar dat stuitet by dy generaasje dan ek wer op beswieren: der binne wurkferswierjende omstannichheden. Ja, it is wat mei dy jeugd fan tsjintwurdich!!!