Fryske polityk: mânsk of mandelich?

It giet need yn Kataloanje. Dat lit de parse teminsten witte. Oft it ek sa is, kin ik net neigean, ik kom nochal wat ferskillende mienings tsjin. Hoe dan ek, it skynt – neffens de NOS ferline wike – sa te wêzen dat der no Europarlemintariërs binne dy’t benaud binne dat Fryslân ek ûnôfhinklik wurde wol.

No, dat soe tiid wurde want oft wy hjir fine dat de Waadsee in see is en boaten dy’t dêr farre dus seeboaten dan fyn ik dat wy dat sels witte moatte. Mear arguminten kin ik sa gau net betinke, dat in soad kâns fan slagjen jou ik myn stribjen net.

Foargeande alinea moat as humor beskôge wurde. Wat hjirnei komt net.

Eelke Lok hie hjoed in treflike kollum. Yn de kearn bin ik it 100 punten mei him iens. De wurdkar “dichterkes en skriuwers” is der wat (fier) by troch en syn fyzje op it gegriem mei DfF diel ik ek net mar fierder sa goed as alles wol. It Frysk hat en krijt alle romte of kin dy yn alle gefallen krije.

Jabik van der Bij hie hjoed ek in treflike kollum op it stee fan de djipfriezen. Winliken seit Van der Bij sawat itselde as Lok.

En om’t it my net alhiel – krekt sa as dy Europarlemintariërs – ûntgien is dat hjir eksimplaren omrinne dy’t yn ‘e pleit wolle foar in ûnôfhinklik Fryslân like it my wol handich ta Van der Bij efkes te bemoedigjen. Want der kaam in sa’t se it by de Djipfriezen neame ‘opmerking’ op syn kollum.

Dizze: “Fryske polityk: mânsk of mandelich?”

Dat is in opmerking (mei in grouwélige flater) fan sa’n strider en bodder foar de Fryske saak, skoalmaster fan berop. Us bern binne dus û.o. as it om taaloerdracht en -learen giet oan sa’n man oerlevere. Oft sa’n man al flaters meitsje mei yn de meast simpele teksten dan wint Van der Bij mar ek Lok syn kollum nochal wat oan krêft. Dat ik tocht ik jou ek efkes in ‘opmerking’.

Dizze: “Kollums hawwe faak as eigenskip in skel lûd te hawwen. Dat is hjir ek sa. Nim dizze sin: “Wurdt der wol Frysk jûn en wurdt it Frysk as fiertaal brûkt, dan is der nimmen dy’t wurk makket fan de kwaliteit fan it brûkte Frysk. It is gau goed genôch.”

Dat dat skelle lûd troch in opmerking fan in skoalmaster sa oan krêft winne kin is hast net te leauwen. Mar dan is it wol logysk dat skreaun wurdt “De Friezen ‘leauwe it wol’.”

Wêrom sille Friezen har noch drok meitsje as dyselden dy’t achte wurde – en dat sels preekje – de taal goed oer te dragen alle kearen wer merkbite litte dat it har net sa krekt komt?”

Mar myn ‘opmerking’ is oant no ta net troch de sensuer fan de Djipfriezen kommen. En ik bin bang dat dat ús foarlân wurde sil mei sa’n ûnôfhinklik Fryslân. Fûtsy alle frijheden en mooglikheden dy’t Lok sketst. En oft se oan de macht binne sokke kollums as fan Van der Bij ek fûtsy.

It komt my samar sa foar dat it sels yn Kataloanje safier noch net kommen is. Want dêr lês ik earne yn in feestboekdiskusje nammentlik ek oer dat de taal dêr alle frijheid krijt dy’t er mar hawwe wol. In frijheid dêr’t Djipfriezen sa’t it liket neat fan witte wolle.