Gewoane normale Nederlanner

Ik ha it regearakkoart efkes foar jim lêzen. Net hielendal fansels, mar dat hoecht ek net; ik ha de bibel ek noch hieltyd net hielendal út, dêrom wit ik likegoed noch wol wat der yn stiet. Sa is dat no ienkear mei gewoane normale Nederlanners.

It is in treflik akkoart, jo kinne oan alle einen en kanten sjen dat der goed oer neitocht is. En oars as dat wy leauwe moatte tink ik dat de kening op de eftergrûn noch aardich wat ynfloed hân hat. No is dat ek in ferstannige man, dat treffe wy. Dat sil er grif net fan syn pake fan memmekant hawwe mar mooglik al fan syn heit. It is te hoopjen dat de neiteam it ferstân der ek wat by hâldt want oars bin ik akút foar in republyk.

De kening hat in hiele folksstam út de adelstân reage, soks hie er earder betinke moatten. Dat no binne de drugsbaronnen ynienen de status en it oansjen kwyt en krije wy weedboeren. Dy moatte fansels net betize wurde mei weetboeren dat sadwaande krije wy no wer in minister fan lânbou. En om’t yn it Frysk it ferskil tusken weed en weet ferhipte lyts is (dêrom leare alle berntsjes te uzes soks ek op skoalle, gâns better as it Hollânsk) sil der in grut ekspearimint komme yn Fryslân. Ferd Crone hat al oanjûn weedboer wurde te wollen mar de gemeente Drachten ek. Dy lêste hat dêrom dat nuvere Ingelske ‘smell’ al út de namme helle. De gemeente Drachten tinkt einen foarút, sa’t fansels fan gewoane normale Nederlanners ferwachte wurde mei.

Mar Ferd hat al in foarsprong fansels want hy hat de romte foar dy weed. Ik ha begrepen dat soks nei 2018 syn beslach krije sil op de kulturele blommegreiden om rotondes hinne en by fiadukten del. Der is gjin gewoane normale Nederlanner dy’t dêr buorkje wol dat soks is sa feilich as de bank. En ek goed foar de ljip want oars soe dy mar wer romte ynleverje moatte.

De fan Ferd weedboer ferboude steatsweed sil frijsteld wurde fan btw. Alle winst giet dochs al nei de steat dat dan soe it mar administraasje om de nocht wêze.

Yn ferbân mei de folkssûnens sil dy weed ferkocht wurde yn sportkantines. Want wy witte allegearre wol dat dêr oant no ta net sokke gewoane normale Nederlanners omstappe dy’t mar wat yn de frikandellen en de patat omhaffelje en soks moat út wêze. Hjir hat dúdlik oerlis west dwers troch alle ministearjes hinne. Dat is net sasear in merakel mar mear in saak fan gewoane normale Nederlanners.

Mar der is mear goed nijs foar gewoane normale Nederlanners. Gewoane normale Nederlanners krije der op syn minst € 109,20 de moanne by, guon dy’t dúdlik oanjouwe gjin ambysje te hawwen in gewoane normale Nederlanner wurde te wollen moatte it mei op syn meast € 22,40 dwaan. Dat is logysk fansels want gewoane normale Nederlanners moatte wolris út te iten en wa’t gjin gewoane normale Nederlanner wurde wol hat dat al lang en breed ris oanjûn troch maksimaal ienkear jiers – by foarkar om de Krystdagen hinne – Sinees te heljen. No, dan hoege jo ek net mear jild. Dat is gewoan normaal.

Mar fansels wol it regear it leafst al dat elkenien gewoan normaal wurdt dat dêrom binne der wat twangmaatregels ynsteld lykas it oantugen fan waarmtepompen en sinnepanielen. Dat wa’t no net as de bliksem sjocht dat er in gewoane normale Nederlanner wurdt dy hat in probleem.

En om dat goed helder te meitsjen hat it regear besletten dat it net al te grutte budzjet fan de net gewoan normale Nederlanner wêze wollende oanslein wurde sil troch de btw op libjen te ferheegjen. Dat is in alderkostlikst kompromis tusken it foltôge libben fan D’66 gewoane normale Nederlanners – sa’t jo wolle aktive eutenasy – en it God foar ús allegearre en de rest foar my allinnich fan de CU gewoane normale Nederlanners.

Der is gjin spjeld tusken te krijen, dit regearakkoart. En wa’t dat al slagget is gjin gewoane normale Nederlanner.