Nije hûn en in âld kloat, skytsek of bobo?

Ik krige okkerlêsten berjocht dat der in nije hûn yn it spul is. Dat wol sizze op it plak dêr’t ik in oare hûn der wolris efkes út lit om’t syn baas der dan efkes net is. Mei de nije hûn soe ik in yn ‘e-kunde-kommers-moeting hawwe mar dat koe troch sykte fan myn kant net troch gean.

Mar fanwege dy âld hûn ha ik dochs al in kaai fan de lokaasje dat de ferwachting wie dat ik my der wol mei rêde soe. Dy âld hûn is wat in bysûnder eksimplaar, se ha it ûnderdiel dêr’t jo oan sjen kinne oft er benaud of krekt bliid is der ôf sloopt. Yn Roemenië. it is dus in Roemeenske hûn. Fan it merk Doberman en hy sjocht der alderûnhuerst gefaarlik út.

Hy hie ek al rillegau foar de moade om as in idioat foar my stean te blaffen om’t er dan boartsje woe. No ha se dêr in frij grut hiem mar dêr is op wat blêdebrot nei neat te finen dêr’t mei boarte wurde kin dat dy kluchten ha ik him ôfleard. Sels mar wat drave, dan kin ik roke.

Dat gie allegearre tige by tige.

De earste kear dat ik kaam doe’t de jonge hûn der wie – in herder, ik leau fan in Mechelske of sa – gong it ek noch bêst. De âld kloat wie sa bliid as wat dat er my wer ris seach en dat er nei bûten mocht.

De jonghûn wie ik binnen de twa minuten kwyt. Blykte er ûnder myn trui te sitten. Dat fielde ik fansels wol mar jo ha sa’n bistje it leafst wat yn it sicht. Mar hy moat fuortendaliks tocht ha ‘Ik ken dizze man net, dat ik sil daliks ris efkes goed op ûndersyk út’. Dat is allegearre goed bedoeld, mar der binne grinzen fansels.

De twadde kear wie it mei dy âld kloat goed mis. Faaks hie mynhear in min sin krigen om’t ik de foarige kear sa goed as gjin omtinken foar him hie, jo witte soks net. Yn alle gefallen woe er der hast net út. Deabenaud foar it jong hûntsje. Dat ik moast earst tusken de bens en de doar yn stean en in hiele psychologyske preek ôfstekke foar’t er it oandoarde om der lâns. Grutte sûch.

It jong hûntsje wie fansels wer wakker bliid en jankte werklik alles byinoar doe’t ik wer ôfsette. It begruttet jo ta de teannen út mar jo kinne dêr ek min de hiele dei hingjen bliuwe.

De tredde kear wie it alhielendal mis. Ik ha noch besocht dy âld kloat sûnder sturt mei sêfte twang bûten te krijen troch tsjin dat healwize stompke dat se sitte litten hawwe oan te triuwen mar doe begûn er de tosken bleat te laitsjen en dat is no daliks gjin humor dy’t my oanstiet. Dat doe hat er der net út west. Eigen skuld, dikke bult.

De folgjende kear ha’k mar wat nijs útfûn. Ik der mei it jong ding út en alle doarren iepen stean litten. En ja hear, doe’t wy út it sicht wiene kaam mukkes der oan setten. Mar doe’t er ús yn it fizier krige flechte er ek daliks wer yn ‘e hûs.

Dat is in pear kear sa gongen, ik leau dat dy âld kloat wakker it smoar yn hat dat dy jonge hûn sa moai oan in stik tou mei my yn it gers mei wylst hy him mar wat rêde moat. Jo soene graach witte wolle wat der yn sa’n hûnekop om giet en ik leau dat ik dat wit.

Hy moat lang om let ta de konklúzje kommen wêze dat dat lytse ynkringerke dêr wenjen bliuwt en dat it dus faaks saak is him net sa alderaaklikst oan te stellen en wat fan sosjaal gedrach sjen te litten.

Hjoed hie er der al efkes út west te migen en wie rillegau wer yn ‘e hûs bedarre. Mar hy kaam werom, lake net falsk mar begûn it jong bistje te berûken. Op ’t lêst stiene se al as twa stegerjende hynders byinoar op en bedarre de jongste sa’t soks heart op ‘e rêch.

Doe ha’k de foarstelling mar ôfbrutsen troch oanstalten te meitsjen om yn ‘e hûs te gean. En wûnder boppe wûnder kuieren se kreas meiïnoar op dat út. Dat ik leau dat de frede tekene is.

Dat sa’n âld kloat dan dochs de kloaten noch hat om oan te jaan dat hy baas is en nimmen oars. Bliuwt de fraach oer oft it no in skytsek of in bobo is.