It lêste oarspronklike Frysk is skreaun

Hjoed waard bekend dat it bedriuwslibben der efter kaam dat de widze fan in stikje Fryske literatuer aardich swierder en deegliker yninoar stekt as ferwachte sadat de firma Knol oproppen wurde moast. Ik leau net sa yn grêfomdraaierij mar mocht soks al mooglik wêze dan hie dat de ôfrûne dagen grif syn beslach krige. Mei kostlike teksten dêr’t lju slij nei binne as gefolch.

It boekewikegeskink fan de Hollânsktalige boekewike ferskynt foar it earst ek yn it Frysk. Dat is moai. Wat sis ik? Dat is alderprachtichst!

No wit elk dat ik net it measte haw mei Kulturele Hoofdstad dat wat lytse puntsjes fan krityk binne te ferwachtsjen. Der is in argumint dat de KH-tsjes foaroan yn de mûle bestoarn leit: se binne der net allinnich foar de hoofdstad, net allinnich foar de provinsje mar se binne fertsjintwurdiger fan it hiele lân!

Dus.

Nederlânske kultuer bestiet lykwols hielendal net. It is op syn bêst in lapketekken fan allerhanne op himsels tige te wurdearjen ferskillende stikjes kultuer. Elke foarm fan sjovinisme wearzgje ik dan ek fan, in Limboarger is my like leaf as in Drint. En ek as in Bilkert en Stellingwarver.

Mar as dy lapetekken yn ‘e mande besletten hat dat Fryslân (ek dat leit de KH-tsjes foaroan yn dyselde bek bestoarn) Kulturele Hoofdstad wêze moat, hie it dan net yn ‘e reden lein in Fryske skriuwer te sykjen foar de Hollânstalige edysje fan de boekewike? Dy hie dat dan moai yn it Frysk skriuwe kinnen en leafst sels ek oerset yn it Hollânsk.

Tiidsgebrek kin it argumint net wêze. As ik myn eigen bloch neigean dan binne se al moai wat jierren mei dat Kulturele Hoofdstadje oan it griemen. Jild kin it argumint ek net wêze, de miljoenen fleane ús om de earen.

It iennichste argumint dat ik betinke kin dat de KH-tsjes betocht hawwe is dat se fan betinken binne dat der gjin Fryske literatuer bestiet en dy der ek net komme moat.

Dy Fryske oersetting dy’t der no dus komme sil hie dus moai west as dy der op ta west hie mar it liket der no hiel sterk op dat dy brûkt wurde sil om te bewizen dat it lêste oerspronklike Frysk no wol sawat skreaun is.

En dat past presys yn de transysje – om dat mislike wurd ek ris te brûken – dy’t al in jier as fyftjin geande is en wat my oanbelanget syn hichtepunt berikte doe’t Koen Eekma sei: ‘Wy moatte earst it âlde netwurk opromje’.

No, dat sjit aardich op sa. Dat ik soe dit grutte súkses mar wakker breed útmjitte want krekt lykas Rink sil it it Frysk ek wol net slagje him yn it grêf om te draaien.