Knoffeldeaden

Yn dit lân wurdt alles sekuer byholden, it is in lust. Sadwaande witte wy krekt hoefolle lju Frysk skriuwe, prate en/of lêze kinne. Mar wy witte ek hoefolle iel der fongen wurdt, hoefolle sweltsjes der binne en hoefolle ljippen der net mear binne. Hoe’t se dy lêsten telle is my net rjocht dúdlik mar ik bin ek gjin statistikus.

Wy witte ek hoefolle kilo de zjender wy jiers fuortnukke. De mjitting dêrfan is my ek net helder, it kin wêze dat bobo’s wolris of wol gauris beslute nei in noch better restaurant ôf te reizgjen sadat dat wat al klear wie nei de bargen giet. It soe wol moai wêze dat dy kilo’s dan net op myn namme byskreaun wurde en dat bart al mei dy trochsneedstatistykjes. Jo fiele jo by alles sawat alle dagen skuldich.

Soe it ek bekend wêze hoefolle lju krekt as ik tabletten fan dokter krije om de wetterhúshâlding te regulearjen? Soks moat grif nei te gean wêze. By de farmaseuten of sa al kin it fansels wêze dat dy de helte fan de omset ferswije fanwege de swarte kas.

Yn alle gefallen: by my is it sa regele dat ik der nachts meast twa kear ôf moat te wetterjen. It is my al opfallen dat soks op dagen dat ik makaroanje yt meast beheind wurdt ta ienkear. Dan sliep ik wol seis oeren efterinoar troch. Topnachten binne dat!

Oft der net sasear by mysels mar yn de natuer al in soad wetter op komst is dan ferskynt by my op it húske en yn de badkeamer in soarte fan filter oer de flier. En dat filter makke dy flier glêder as iis. No binne jo fansels wol wekker as jo te pisjen geane mar sokke filters kinne frijwat ûnferwachts opsetten komme dat ik lei lêsten ynienen sawat plat op ‘e snút. Of leaver sein op ‘e knibbels en de earmtakken.

Wol in dei as fjirtjin lêst fan de knibbel hân mar de kop mankearde neat. Dat hie wol oars kinnen want al binne jo net klearwekker, jo sette dochs frijwat rjochtút koers op ‘e pot. By it fallen swinke jo lyikwols meast wat nei rjochts of lofts. Net streekrjocht foaroer teminsten.

No skynt it sa te wêzen dat ik in bysûndere wize fan knoffeljen ha want by de measte lju is it sa dat dy krekt al mei de harsens tsjin de pot knalle. Of tsjin de waskbak, de doar of de kruk. Guon sille it ek wol sa healwiis presteare dat se de wc-boarstel yn de strôt krije.

En dan ha wy it allinnich noch mar oer it húske. Kinne jo neigean wat der allegearre wol net barre kin oft jo op bêd falle. Benammen wetterbêden binne sim gefaarlik. Dy fearje sa aldermachtichst dat jo fuortendaliks mei de kop tsjin de hoannebalken oan stuiterje.

Soks skynt allegearre ûndersocht te wurden, Ik wit net wêr’t it nei te gean is, ik soe al dy ferhalen wolris lêze wolle. En dan it leafst ek witte wolle hoe’t al dy knoffeldeaden dat ferdútst hawwe.

Want it is wol in grut probleem. Allinnich al yn Fryslân komt it alle fjirtjin dagen fiif kear foar. En om’t der sneins gjin krante is, freegje ik my no om ‘e dei by it skôgjen fan de rou-advertinsjes ôf wa fan de ferstoarnen it no wer sa bryk hân hat.