Ierdbeimodus

Ierdbeimodus

Wy ha in nij regear, dat sille jim grif wol fernommen ha want it jild groeit ús op ‘e rêch. En dat moat ek want wy steane foar útdagings. Ien fan dy útdagings is om te begripen wêrom’t der ynienen dingen barre dy’t yn gjin inkeld ferkiezingsprogramma steane. Mar dat is my te yngewikkeld.

It regear hat it bêste foar mei it klimaat. Yn dat ramt soe it foargeande faaks yn it kapitaalklimaat passe mar dat is mar in gok. Mar no’t it sa goed giet moatte wy fansels ek wat om de meiminske tinke dy’t hjir net wennet. Dat is nochris wat oars as in euro oermeitsje nei 555!

Om’t se lanlik fansels sa hurd net kinne as it noch net alhiel ûnôfhinklike stikje Fryslân nimme de provinsjale politiken it foartou no want der is yn it bêste lân fan d’ierde net in soad mear dat doocht.

Om te begjinnen is de dikeboel slim ûnfeilich en dat kinne wy dy 4 miljoen kultuergeilerts dy’t út it bûtenlân ferwachte wurde net oandwaan. Want oft dy har ienkear ferride, bedarje se streekrjocht yn de Waadsee en dat is de bedoeling fan it keunstwurk dat de dea útbyldzje moat no ek wer net. En yn it bûtenlân ha se ek gjin terpen dat jo ha goed kâns dat it folk folslein op de doele rekket. Wy moatte dat net ha, it moat hjir op syn minst feiliger wêze as yn Parys. Om it oer de Alpen mar net te hawwen. Dêr hawwe se fansels wol hierspjeldbochtsjes mar dat is neat as jo dat ôfsette tsjin de rútskraberij te uzes. No ja, it CDA hat mei de SP yngrepen. Se ha teminsten in soarte fan sosjaal kristlik appél dien en dan wolle jo as steateleden net foar heiden of aso útmakke wurde, dus geane jo dêryn mei.

Jehannes Kramer sil nei tsjerke. Dat ha ik op Feestboek al justjes oanstipt mar Eelke Lok hat der in hiel stik oer skreaun dat dat hoech ik net oer te dwaan. Yn it ferlingde dêrfan sil it ynsekte-net-oanwêzich-wêzen-probleem provinsjebreed oanpakt wurde. Utsoarte binne de boeren dêrmei anneks, grutter wrâldferdylgers besteane no ienkear net. Mar ek it wetterskip, de gemeenten en noch in nustje praatgroepen dy’t ik my sa gau net yn ’t sin bringe kin.

Wat ik net foarby kommen sjoen ha is it idee om it grien yn de iepenbiere romte tenei net mear sawat alle wiken te millimeterjen. Ik snap bêst dat soks mei sportfjilden al min of mear winsklik is om’t in bal no ienkear it bêste op in biljertlekken rôlet en jo der boppedat net oan tinke moatte dat dy teare skonkjes fan de sportlju efter in trochsketten hynsteblom hingjen bliuwt mar ik begryp ne tsa goed wêrom’t de berms mei hieltyd útwrydsker ark sa dea as in pier makke wurde moatte. No ja, ik snap it wol want dat is fansels fanwege dyselde ferkearsfeiligens.

Us boargerkes moatte no ienkear wat rom sicht hawwe want dat ha jo yn hierspjeldbochten ek. Dat jo ek gewoan 60 ride kinne dêr’t dat mei en 30 op oare plakken dêr’t dat winsklik is komt leau ik net by de boarger op dy’t allegeduerigen de bek iepen hat oer klimaat dit en klimaat dat. Nee, dy wol it leafst rûnom 130. No, dat kin sels yn in hierspjeldbocht net.

Mar goed, alles foar it klimaat, wol de polityk hawwe. En dus drave de provinsjaaltsjes dêr noch hurder as mooglik is efteroan. Ik hearde in saakkundige sizzen dat as in hûs fan it gas ôf sil en syn enerzjy op oare wize krije moat soks € 50.000,00 kostje moat. Ik wit net wa’t dat betelje sil mar it bedriuwslibben skynt der alhiel klear foar te wêzen. Ik tink net dat se it aventoere de hier navenant omheech te dwaan dat ik nim oan dat soks út de grutte pot komme moat.

De dan noch oerbleaune rotsoai triuwe wy ûnder de grûn, dêr hat it bedriuwslibben ek treflike ideeën oer. De finansiering?

It is allegearre tige foar it kapitaalklimaat, liket my sa ta. Oft it foar it oare klimaat ek wol sa goed is allerhanne sinnepanielen yninoar te nifeljen dy’t nei in jier as wat útinoar donderje doar ik te betwiveljen. Al soe it wêze kinne dat it bedriuwslibben dan betinkt dat dy dingen better wurde moatte. En djoerder. Foar it kapitaalklimaat.

De polityk liket om. En oft it net kin sa’t it moat dan moat it sa’t it kin.

Fersoargingstehuzen meie gjin ekstra kosten mear yn rekken bringe oft de knoffelknop te faak brûkt wurdt. Mar se meie fansels wol boetes útdiele foar it ûnterjochte brûken fan dy knop. Tink der mar ris om.

Is de boarger ek om? Ik tink it net. Dy boarger sit noch altyd wakker oer it kapitaalklimaat yn. En dat huffe wy der aardich jong yn. Bern dy’t oare as kapitale talinten hawwe wurde nei in oare skoalle wâde. Mei as argumint dat se mear begelieding hawwe moat en dêr ek rjocht op hawwe. Mar it werklike argumint is fansels dat se mei har talinten de kapitaaltalinten fan de oare berntsjes opkeare.

Dy kapitaalberntsjes moatte it ommers fierder bringe as wa dan ek. En dy moatte ris bêst skrieme en boe en ba raze oft der wer ris earne in lân ûnderstreamt of omwaaid. Dogge se efkes 555 op it telefoantsje en klear is kapitaal.

Wat har net ferteld wurdt is dat dy natoerrampen net komme fan de boer mei syn oardel ko en geit yn lit mt sizze Tanzania mar dat dat komt trochdat wy mei miljoenen yn de auto stappe om in bakje ierdbeien by de Appy te skoaren.

It is my fierder allegearre goed hear, it sil myn tiid wol duorje.

Mar ik soe guon mei jonge bern of guon dy’t noch fan doel binne bern oan te setten oanriede it folk om har hinne ris te bewegen út dy ierdbeimodus te kommen en de fokus te ferlizzen fan it kapitaalklimaat nei it klimaat.

Lju opkeare by de middellânske see hat syn langste tiid wol hân en rekkenje der mar net op dat dit sa noch 100 jier trochgean kin.

100 jier lyn wiene pake en beppe fan beide kanten skoalbern. Dy hiene gjin mobyltsje. Wisten ek gâns minder fan wat der omfierrens barde. Omfierrens sil dat net oars west ha.

Mar dat is net mear sa, dames en hearen ierdbeien. Dat it bêste lân fan d’ierde kin aanst allinnich noch ferdigene wurde troch der in stek om hinne te setten mei 10.000 Volt der op. Dat is wakker itselde as lju werom te see yn triuwe. En ek itselde as bern nei oare skoallen te bonsjoeren. En noch mear itselde as balte en raze oer ynsekten en ljippen ûnder it ierdbeihaffeljen.

Leave a Reply

Your email address will not be published.

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>