Digitale feardigens fan Fryske berntsjes

It stiet der net goed foar mei de digitale feardigens fan ús berntsjes.

Dat is it nijs. It liket my oars sa ta dat se it technyske part aardich op oarder hawwe, se krije mei twa tommen gâns mear foarinoar as ik mei tsien fingers yn deselde tiid. Mar dêr skynt it net om te gean.

It hat bliken dien dat de berntsjes mynhear gûchel nochal faak brûke en dan blyn sile op de útkomst dy’t boppe-oan komt te stean. Dat is dus net goed. As jo mynhear gûchel nei ‘Frysk’ freegje dan komme jo by de oersethelp út en bern tinke dan fansels dat it Frysk sa yngewikkeld is dat jo dêr altyd help by hawwe moatte.

Kinne jo neigean hokker byld se krije oft se mynhear gûchel om eroatyske wurden freegje. Eins soene dy bern witte moatte dat de Russen dêr fan alderhanne en noch wat ûnsinnichheden oer ferkundigje. Mar ja, se ha de oarloch net meimakke en boppedat wiene dat Dútsers en dêr meie wy gjin ferkeard wurd oer sizze want dat binne ús buorlju.

Dy ferhipte Russen sitte rûnom yn om te wrotten en dat giet fier. Der hoecht hjir mar immen te wêzen dy’t in toarnbei mei in fertocht plakje tsjinkomt en jo kinne der fergif op ynnimme dat de Russen it foarinoar krije dat alle toarnbeien yn hiel Nederlân fuortendaliks de oare deis al jierren sa siik as in hûn blieken te wêzen. No wenje dy Russen hjir fansels net dat sadwaande binne ek de Biltske en de Sieuske toarnbeien dan út ‘e graasje. En dan is der gjin Nederlânske sjoernalist dy’t op it idee komt ris nei te gean oft der op it Bilt en yn Seelân úberhaupt wol toarnbeien waakse. Mar dat is de skuld fan de Russen dan dus. En fan it gebrek oan digitale feardigens fan ús berntsjes fansels.

Op dit stuit sitte wy wakker yn de klimaatmodus dat dat sille dy berntsjes ek wol gewaarwurde fan mynhear gûchel. En dan sille se sjen dat it ien en al fleur is om de saak yn de stringen te krijen. it iene topidee jaget it oare, der is foar immen mei it tsienfingersysteem suver gjin begjinnensein oan. De algemiene tendins is dat wy der meiïnoar en de bobo’s foarop wakker oer yn sitte oft it allegearre wol goed komt. Wat der lykwols net by stiet is dat dy bobo’s mei neat oars dwaande binne as te betinken hoe’t se hjir no wer ris in slaadsje ut slaan kinne. Safier geane de Russen dan blykber wer net.

Jo hoege mynhear gûchel mar ek de kranten en net te ferjitten Oes Omroep, Oes Taal mar oan te roppen oer kulturele hoofdstad en de iene nei de oare feestlikheid spat fan jo skerm. Twa Hagenezen bygelyks dy’t yn de mienskipstsjusterens dikerje om Biltske poëtoes te bestellen mei’t ien of twa keamerleden dat fretten fergees oanbean krigen. Ferhipte spitich dat de Russen der net by sette dat dy kulturele hoofdstedelingen likefolle noed hawwe mei de kultuer as de earderneamde bobo’s mei it klimaat. De Russen dogge it tuike tuike oan. Mar har doel berikke sille se. En dêrfoar sette se alle middels yn.

Sa hawwe se in brief ûnderskept dy’t Hilda Talsma oan Simke Kloosterman skreaun hat. En dan litte dy Russen yn it djipste geheim opskriuwe dat Hilda Simke har Frysk net begrypt en net lêze kin. Dêrom komme dy berntsjes fia mynhear gûchel dus ek by de oersethelp út. (By de eroatyk soene se faaks ek wol by Hilda útkomme kinne mar dat moat mynhear gûchel mar net witte.) Dy ferflokte Russen!

Want dat stiet hielendal net yn dat brief. Dy Russen kinne no wol wakker tinke dat se fan alles en noch wat hacke kinne, mar dat kin ik ek wol. Yn dat brief stiet dat Simke har Frysk Hilda harres net is. Der stiet net yn dat dat komt om’t der sa’n 100 jier tusken sit mar dêr haw ik mynhear gûchel net foar nedich om dat fêst te stellen. De Russen gripe blykber alle mooglikheden oan om it Frysk folslein bespotlik te meitsjen.

En elk hjir by ús nimt alles wat mynhear gûchel en syn kompanen ferkundigje foar wier oan. Elke útkomst dy’t boppe-oan stiet, wol te ferstean. Justjes fierder yn de digitale argiven duke is der net by. Sadwaande leauwe de Fryske berntsjes no ek dat Koen Eekma ien as d’oar ferhaal holden hat oer in sutelaksje. In ymposant ferhaal dat no net daliks oerrûn fan histoarysk besef. Mar dat ha dy Fryske berntsjes fansels net beharke. Want dan wiene se der efter kommen dat de Russen doelbewust in hiele oare namme oan it ferhaal keppele hawwe as dy’t der yn werklikheid efter siet.

Nee, it komt net goed mei de digitale feardigens fan ús berntsjes. Dat ha de Russen dan mar moai berikt.