Van vreemde smetten vrij

Fan ‘e moarn hiene wy de langste file oant no ta dit jier. It reinde, dat dan ha jo dat. Der binne fansels wol mear oarsaken oan te wizen foar files. Jo kinne te krijen hawwe mei losrinnende kij of einen, sniejachten, immen dy’t net goed wurden is efter it stjoer en gean sa mar troch. Wat wol dúdlik is, is dat it eins altyd komt troch oarsaken dêr’t eins nimmen wat oan dwaan kin of der yn alle gefallen net op út is. Wy wurde achte net op sa’n file yn te riden. Guon mei in bryfke fan it CBR wurde ek achte soks te witten. Oaren ha neat yn of by sa’n file te sykjen.

De fraach is oft dat in falide argumint is in file mei opsetsin te feroarsaakjen. Dat dy file dus ûntstiet troch in oare oarsaak as boppe beskreaun. Guon fine dat. Ik bin dêr minder wis fan. Jo kinne wol hûndert kear dat CBR-sertifikaat hawwe, dêrom kin it likegoed noch wol wêze dat jo troch trije bongeljende bern op de efterbank krekt efkes ôflaat wurde. En oft jo dan as pake en beppe mei trije bern ûnder in frachtwein opskowe wylst der mei likefolle faasje fan de efterkant sa’n selde frachtwein by jo opknalt dan wol ik noch wolris sjen oft guon dy’t Friezen no as helden delsette dy argumintaasje noch altyd like falide fine.

Friezen as helden dy’t de ûnderwilens skraste tekst út it folksliet ‘van vreemde smetten vrij’ leau ik noch net hielendal fergetten binne en faaks wol werom hawwe wolle. Want se wolle ús tradysjes hoedzje en noedzje. Mei it ferlechje dat se in bernefeest hâlde wolle sa’t it altyd west hat.

Dat kin en dat mei. Mar dan moatte jo jo net opkringe oan de lanlike media troch NPO de saak hjir ferslaan en regelje te litten. As jo dat dogge dan ymportearje jo alles wat dêrmei anneks is. Fansels is it ryklik idioat dat guon út de rânestêd dit dan útkomme en sokken doge dan ek foar gjin kwartsje. Mar it is like idioat dat de grutte bernefreon net ferdútst wurden is dat boargemasters te uzes Frysk prate en dat er dus ien as d’oare oersetpyt meinimme moatten hie om dat bjusterbaarlike taaltsje oan de ‘vreemde smetten’ út te lizzen. De man sels hat Spaansk studearre dat hy sil wol net sa ûnnoazel wêze dat er net wit dat der njonken it Katalaansk noch mear talen binne. En dat krekt hy yn steat achte wurde moat al dy talen op syn minst te ferstean. Om’t alle bern syn freontsjes binne.

Hoesa tradysjes hoedzje en noedzje? Hoesa bernefeest? Bern opskypje mei in wyldfrjemde keardel dy’t se dan ek nochris net ferstean kin. Ik sjoch neat feestliks oan dy ‘vreemde smetten’. En ek net oan dy deade pake en beppe mei de trije bernsbern.

Ofsjoen fan dat allegearre feroarje tradysjes. En dan hear ik dy heldhaftige Friezen amper, se litte it allegearre mar wat oer har hinne komme. Wy binne hast safier dat om de Peaskedagen hinne de Krystrotsoai yn de winkels leit. Mei hokker tradysje hat dat te krijen? By merken moatte wy bûsen fol munten oanskaffe dêr’t de helte fan mei nei hûs rekket. Mei hokker tradysje hat dat te krijen? Bern moatte hjir tsjintwurdich in fiskakte hawwe. Mei hokker tradysje hat dat te krijen? Masters, dûmny’s en tsjintwurdich dokters ek wenje net mear dêr’t se altyd wennen. Tradysje?

Bern witte net mear dat in telefoan ek oan in triedsje oan de muorre hingje kin en dat dat in tige foarnaam en fernimstich apparaat wie dat jo net opnimme mochten midden yn in skiltoan. Binne se fergetten. Wêrom soene bern dan net ferjitte kinne dat Swarte Pyt altyd swart is? Dat kin dy bern werklik hielendal gjin sek skele. Likemin nammers as dat it donkere bern wat skele kin dat dy klucht ûnder it swartsel sit.

En dan kinne de âldelju it wol wakker ferfelend fine dat se ûnder iten op dat mobyltsje sitte te koekeloeren en dy pake en beppe mar amper sitten sjogge mar dan hiene se de hiele bliksemse boel hjir net ûnder it asfalt jeie moatten en dy telefoan hingje litte moatten dêr’t er altyd hong.

Ik bin dan ek bang dat it motyf foar dizze aksje net it meast suvere is. Dan hiene se dy hiele NPO wol keard.

Wat sil no de folgjende stap fan dizze hoeders en noeders wurde? De kopstikken Rutte, Seegers, Buma en Pechtold keare dy’t har ‘vreemde smetten’ hjir ynsette om mei te kedizen oer oft de coffeeshop foar ús berntsjes yn Frjentsjer of yn Dronryp komme moat? Of dat de bern út Littens mooglik ek wol yn Ljouwert nei skoalle kinne?

Wat moatte dy opruiers hjir?

Dêr hear ik de Friezen net oer en dat is no ek te let want se ha al west. By dy slaafske mantsjes en wyfkes mei in pompeblêd op ‘e harsens dy’t sizze allinnich foar God te knibbeljen mar foar it oare by elke klapskeet har taal en kultuer slûpe litte om’t se foar immen oer steane dy’t se better achtsje as harsels.

Is dat rassistysk? Ja, wol as it der om giet dat Friezen foar de moade hawwe elk dy’t gjin blûn hier en blauwe eagen hat yn in taal oan te sprekken dy’t út ‘e tradysje wei har eigen net is.

No, de Hollanners hawwe ûnderwilens in pracht fan in karikatuer fan ien en oar makke dêr’t se dy dwaze Friezen mei as stoaterske hoannen troch de media drave litte. De foksen.

tradysje