Thorbecke (1798-1872) ferbea it Frysk

It kin nuver gean yn in minskelibben. Ha jo Thorbecke ynienen yn it spul. Ik wist earst net rjocht wat ik der oan hie mar it skynt in tige wichtich man west te hawwen. Stie oan de widze fan de grûnwet sa’t wy dy no noch kenne. De man skreaf ek yn it Latynsk. Dat kin ik spitigernôch net lêze dat ik moat mar wat ôfgean op wat oaren oer de man sizze.

Dat is mei it leauwen ek sa. As dûmny of pastoar op harren setel ferkundgje dat de ierde yn sân dagen skepen is om’t dat no ienkear sa opskreaun is dan geane wy der fan út dat dat doe sa wie en no dus noch sa is. Al binne der al in pear dy’t wolris besykje soks wat op te rekken mei it sizzen dat ien dei ek tûzen jier wêze kin. Dat binne gjin echte kristenen fansels, dy lizze dy teksten mar wat út sa’t har dat it bêste útkomt.

Mei moslims ha jo soks net. Dy ha de Koran en dêr steane allinnich mar leagens yn. Dat is ferhipte noflik want dan hoege jo de saak sels net te ferdraaien. Dat komt fansels ek om’t de duvel pak him beet in miljard jier lyn wakker deselde wie as dy’t er no is. Kristenen ha it wat dat oangiet in stik swierder.

Want dy moatte altyd libje neffens teksten dy’t yn in tiid skreaun binne dy’t uzes net is. Mar dy’t doe wol wier wiene sadat jo dy no ynienen net as leagen, fantasij of in wat betize sicht op ‘e realiteit besjen kinne. Jo soene der begrutsjen mei krije!

Ik ha noch socht nei wat Thorbecke oer de nijljochterij op de Ofslútdyk skreaun hat mar dat koe ik dus net fine. Spitich is dat. Ik tink dat de Ofslútdyk der mar wer wei moat.

Fan hearren en lêzen (as ik liich, dan liich ik dus yn kommisje) ha ik dat Thorbecke perfoarst net ha woe dat in minderheid besocht oer in mearderheid te hearskjen. No ha ik my justjes yn de histoarje ferdjippe en bin ta de konklúzje kommen dat Thorbecke dêr ûnmooglik mei bedoeld hawwe kin dat in lyts klupke eallju útmakke hoe’t it folk te dwaan hie. Nee, Thorbecke bedoelde dêr fansels mei dat Sinteklaas gjin baas spylje mei oer Swarte Pyt.

Thorbecke hat Swarte Pyt dus rêden. Want – en no liich ik wer yn kommisje – de demokrasy libbet op basis fan mentaliteit en net op basis fan regels. Hjir wankt liket my sa ta al it gefaar dat dy iene dei en dy tûzen jier no yn omkearde folchoarder tapast wurde. Want it soe ek sa wêze kinne dat Thorbecke bedoeld hat dat de mentaliteit fan eallju ris wat byslipe wurde moast en dat dêr regels foar komme moasten mar sa’t ik al skreaf kin ik gjin Latynsk lêze dat it andert dêrop moat ik skuldich bliuwe.

Hoe dan ek, as yn de bibel stiet dat de faam Maria sûnder gekroan, geflybk en oare healwize lichaamlike strapatsen in bern oanset hat dan ha wy dat te leauwen. En sa is dat mei Thorbecke syn sizzen dat in minderheid in mearderheid nea oerhearskje mei fansels ek.

Oprjochte kristenen hâlde har dêr oan. It bewiis dêrfan stie hjoed yn de LC. De fakkeloptochtige djipfryske skoalmaster dy’t yn ‘e mande mei oaren alles byinoar ropt en raast oer it rjocht fan in hiele lytse minderheid berntsjes yn it Nederlânske bestel op Frysk ûnderwiis is op it sizzen fan Thorbecke oerskeakele op it Hollânsk.

Sa’t ik sei, wiere kristenen hawwe it och sa swier. Of soe er moslim wurden wêze?

thorbecke