Wankt der in rjochtsaak foar Pieter de Groot?

De PVV wol op keazen rjochters ta, stie hjoed yn De Telegraaf. Want dy’t wy no hawwe straffe fierstente leech en dat wol it folk oars hawwe. Dat wat is der dan handiger as dy rjochters net mear te beneamen mar se te kiezen? Dan krije jo ommers suver fansels in ôfspegeling fan wat it folk wol. Tsja…

Dat is min nijs foar Pieter de Groot. No is soks fansels safier noch net, dat it kin wêze dat er der noch krekt goed foar wei komt. Dat hat wol kâns want ik tink dat de rjochters fan no better sitearje kinne as dat dyjinge dy’t dizze rjochtsaak op kommendewei yn ûndersyk hat dat docht. (Hy hat syn lêzers witte litten dat er de LC tynge dien hat dat er de mooglikheden fan sa’n rjochtssaak ûndersiket.)

Hy lit witte dat Pieter de Groot skreaun hat dat er yn ‘extremistisch vaarwater bedarre is. Der mist in skrapke, dat sil de punktualiteit fan de oanklager wêze. Dêr hat er wol faker lêst fan. Fatsoenlik sitearjen fan lju hat syn sterke punt ek noch nea west. No wit ik wol dat sitearje en tagelyk oersette net maklik is foar skoalmasters mar it Fryske ‘ekstreem’ is mei gjin mooglikheid oer te setten mei it Hollânske ‘extremistisch’.

Fierder lit de oanklager syn lêzers witte dat Pieter de Groot allinnich in snor en in grutte mûle hat. En dat er dan altyd alert is. Want dan moat er earne oan tinke.

Ja, dat kin. Dan tinkt de lêzer grif ek daliks earne oan. En dan kin de oanklager dêrnei wol moai waar spylje mei it sizzen dat er dan oan in gedicht fan Bertolt Brecht tinkt mar as ik dy keazen rjochter wie dan soe ik sizze: ‘Daar trappen wij niet in’.

No ja, sa’t de oanklager lêze kin ha ik syn stikje lêzen. Dat mei eins net fan him want hy hat ek al juristen rieplachte om’t er fynt dat sok lêzen en dêr op te reagearjen ‘stalken’ is. Hy is him der blykber net fan bewust dat syn gekwattel plak fynt yn de iepenbiere romte. Dat mei elk dus lêze en dêr ek op reagearje.

Mar dêr wol de oanklager neat fan witte. Nee, hy sitearret deagemoedereard ferkeard, skipet syn lêzers mei ûnsin en heale leagens op. En kwattelet as him dat sa útkomt bygelyks de tiidline fan Goffe Jensma fol ûnwierheden.

Lige mei hielendal net. Der is gjin jurist te finen dy’t my dat ûntstride sil. Sels de meast ekstremistyske net. Ferkeard sitearje is op syn minst net hoflik. En Thorbecke der op dizze wize by skuorre is dwaas. Ekstreem dwaas.

dwers