Gefolch: Friezen fermoardzje alle froulju

Sa’n 100 jier lyn: Fryske preek yn tsjerke. Gefolch: alle Friezen sizze it lidmaatskip fan de tsjerke op.
Sa’n 70 jier lyn: Legalisaasje kremearjen. Gefolch: alle Friezen litte yn it testamint opnimme dat nimmen dy’t foar kremearjen is wat erve kin.
Sa’n 60 jier lyn: yntroduksje nasjonale tv. Gefolch: alle Friezen wurde lid fan de pleatslike toanielferiening en/of it korps. Fan dat stuit ôf binne der alle wykeinen útfierings. Dat wurdt kontrolearre troch de Ried fan de Fryske Beweging.
Sa’n 45 jier lyn: stronttontsjes wurde net mear ophelle. Gefolch: alle Friezen skite yn de bleek.
Sa’n 45-35 jier lyn: âlderlingen yn it stek drage gjin streekjesbroek mear. Gefolch: dôfhûdige Friezen dy’t earder stikum dochs lid fan tsjerke bleaun binne klaaie har nei it wurk tenei allinnich noch yn swart mei griis. Froulju dogge in feredele holledoek yn de foarm fan in hoed op.
Sa’n 40 jier lyn: molkbussen wurde net mear ophelle. Gefolch: alle Fryske boeren litte de molke yn de feart rinne.
Sa’n 30 jier lyn: de leeftyd dat immen mearderjierrich wurdt, giet fan 21 nei 18 jier. Gefolch: Friezen feardigje wetten út dy’t der yn foarsjogge dat foar alles 21 jier de minimumleeftyd bliuwt. Der wurdt in útsûndering makke foar Frysk ferstean, lêzen, praten en skriuwen.
Sa’n 20 jier lyn: de krystman driget Sinteklaas te ferkringen. Gefolch: Friezen keapje fan 5 oant 27 desimber út prinsipe neat mear en ite en drinke allinnich by ljochtskyndei; dat wol sizze fan in oere nei’t de sinne opkomt oant in oare foardat er ûnder giet. Supermerken en de hoareka binne ek alinnich dy oeren iepen en it iepenbier ferfier leit bûten dy oeren plat.
Sa’n 8 jier lyn: de strippekaart wurdt ôfskaft. Gefolch: alle Friezen reizgje swart (en houwe de sjauffeur yninoar as dat moat).
Sa’n 5 jier lyn: de alkoholbestindige leeftyd yn de hoareka wurdt ferhege fan 16 nei 18 jier. Gefolch: de iene nei de oare Fryske gemeente ferplichtet húshâldings it hûs ynklusyf konsumpsjes frij te jaan oan elk dy’t net earne oars te plak kin.

2018: Fryslân wurdt anneksearre troch in minderheid kultuerbarbaren. Gefolch: alle Friezen wegerje dat jier de wegebelesting te beteljen.

2032: de earste froulike direkteur fan in kultureel-literêr Frysk ynstitút driget beneamd te wurden. Dat giet fierstente fier fansels.

Gefolch: Friezen fermoardzje alle froulju. Se sjogge der op ta dat se troch de iennichste oerbleaune skoarstiennen op krematoaria jage wurde nei in Frysk prevelemint fan dûmny, pastoar en imam yn ‘e mande dêr’t Oes Omroep, Oes Taal in dramasearje fan makket dêr’t de stront jo tin fan troch de streekjesbroek rint wylst de boeren de margarine foar op ‘e sûkerbôle net oanslepe kinne sadat lang om let elk boppe de 18 by dizze tradysjonele seremoanje de piip út giet wylst it jongfolk Ingelsk âljend op rindieren om drank út giet en nei’t se fan de sûperij bekommen binne de oerbleaune minderjierrige neiteam fan de kultuerbarbaren nei Hollân ferjeie.