De kleau en Fryske hypokrisy

It is op ’t heden wakker yn it nijs, de kleau tusken ‘de provinsje’ en ‘de rânestêd’. Dy analizes moatte jo it fansels mei iens wêze, oars reitsje jo by de Friezen út de graasje. Het zij zo.

Sjoch, dy Friezen kinne wol wakker apen en bearen sjen, mar it binne wol dy Friezen dy’t te uzes dyselde kleau oanbidde as hong harren libben der fan ôf. En dat docht it ek want as dy Friezen harren net deljouwe ûnder de wetten fan in pear heale gekken dan hoege se der net op te rekkenjen dat se de oerstek nei dy aperots meitsje kinne om dêr fuorre te wurden en yn de takomst net útstaat.

Us media rôpen: ‘Tweede Kamer: vliegbasis Leeuwarden twee weken fossielvrij’ (LC) en ‘Twadde Keamer: ûndersyk nei fossylfrije Fleanbasis Ljouwert’ (Oes Omroep, Oes Taal). Soks nei oanlieding fan in oannommen moasje fan de twadde keamerleden Isabelle Diks en Harry van der Molen. Mar it hiele wurd ‘fossylfrij’ stiet net yn dy moasje. En der stiet ek net yn dy moasje dat de ‘Elfwegentocht’ bestean sil út it in fjirtjin dagen net brûken fan fossile brânstoffen. Dy keamerleden binne net ûnnoazel fansels dat dy witte as gjin oar dat dy ‘Elfwegentocht’ geâl fan in pear rotsapen is dy’t nei slutingstiid fan de dieretún wer ferklaaid as bobo’s fierder tjirgje en jachtsje. Friezen opruiend om benammen ris nei dy kleau tusken de provinsje en de rânestêd te sjen. Om sa dy dy’t se sels kreëarje út it sicht te hâlden.

Ik behannelje de MAQ’s fan harren websydsje (www.elfwegentocht.nl) hjirûnder efkes. MAQ’s jouwe altyd in moai aardich sicht op wat de mienskip dwaande hâldt. It is yn it Hollânsk want ôfsjoen fan in behyplik yntroke is der gjin wurd Frysk op it fossile wrâldfrjemde eilân te finen. Hoesa, kleau?

Waarom de Elfwegentocht?

De komende jaren gaat Nederland omschakelen naar een samenleving die volledig draait op duurzame energie. Er worden al veel stappen gezet, maar dit gaat nog niet snel genoeg. Daarom is het prachtig dat Fryslân kan laten zien dat het nu al mogelijk is om te reizen zonder fossiele brandstoffen, zoals benzine of diesel.

‘kan laten zien’. Dat betsjut dus noch net dat dat ek barre sil. Binne foar’t neist hielendal gjin konkrete plannen foar.

Wat verandert er voor mij tijdens de Elfwegentocht?

De Elfwegentocht wordt voor iedereen een groot feest. Met creatieve oplossingen zal iedereen van 1 t/m 14 juli 2018 nog steeds alle dingen kunnen doen die ze met fossiele brandstoffen ook gewend zijn. Van nu tot 2018 zullen alle dorpen en steden in Fryslân een plan bedenken om dit lokaal te organiseren!

Dus, as de preek hjir op de snein dy’t yn dy wiken falt yn Bitgum is dan wurde alle Bitgummoolsters, Ingelumers en Marsumers dy’t net rinne of fytse kinne dit mei bokkekarren útavensearre? En by gebrek oan genôch reau sil dûmny de preek dy deis tsien kear dwaan sadat datselde reau de hiele dei toffelje moat? Earme bisten.

Ik gebruik mijn benzine-/dieselauto dagelijks. Wat nu?

Tijdens de Elfwegentocht komen er allerlei elektrische en groengas vervoermiddelen beschikbaar. Ook bedenken we creatieve oplossingen, waardoor je minder vaak de auto hoeft te nemen. Bijvoorbeeld door je boodschappen elektrisch te laten bezorgen.

Jawis, it boadskippebryfke giet mei de postdo nei de supermerk 7 kilometer fierderop en de brot komt mei in drone thús? En de befoarrieding fan dy supermerken? Hoe sil dat? Mei in skûtsje?

Kan ik met mijn school ook meedoen aan de Elfwegentocht?

We hebben het project Elfwegentocht ook in het Friese onderwijs uitgezet. Studenten en scholieren zullen allerlei evenementen en projecten gaan opzetten in aanloop naar de tocht in 2018! Wil jij ook jouw studenten/scholieren aan het werk zetten? Neem dan contact met ons op door te mailen naar info@elfwegentocht.nl.

Ja, dat seach ik okkerlêsten. Doe hiene jim in pear konkrete foarbylden. Dy binne poater rekke. En ‘aan het werk zetten’? Wat hat dat mei fan ûnderen op te krijen?

Ik ben boer. Kan ik mijn tractor gewoon gebruiken tijdens de Elfwegentocht?

We gaan graag het gesprek aan om te kijken wat mogelijk is. Zo helpen we bijvoorbeeld bij het vinden van duurzamere brandstoffen voor landbouwvoertuigen. Mocht dat onverhoopt niet lukken, zoeken we een andere oplossing. In ieder geval betekent het niet dat er niet gewerkt kan worden, als het nodig is.

Dom andert. Better hie west oan te jaan dat Koen Eekma mei de seine komt en Oeds Westerhof mei it hynder. En dat Auke Rauwerda mooglik noch wol wat healmingels te lizzen hat om de molke mei út te suteljen. Troch skoalbern foar’t neist. Dat is wer ris wat oars as oerstrûpers meitsje yn Bangladesh.

Ik heb me al opgegeven. Wat kan ik nog meer doen?

Natuurlijk is meedoen alleen al een enorme bijdrage, maar daarnaast zijn er nog tal van andere manieren om mee te doen. Zoals door ambassadeur te worden van jouw dorp of wijk, door zelf futuristische voertuigen te ontwerpen, door het wagenpark van jouw dorp te beheren, of door vrijwilliger te worden tijdens de Elfwegentocht. Heb je interesse? Stuur dan een mail naar info@elfwegentocht.nl

‘Natuurlijk is meedoen alleen al een enorme bijdrage, maar daarnaast zijn er nog tal van andere manieren om mee te doen.’ Dy sin soe ik foaral in kear as hûndert lêze, mooglik begripe jim him dan. Safier bin ik noch net.

Hoe zit het met de hulpdiensten?

Ambulances, politie, brandweer en dergelijke hebben vrije toegang om hun werk te doen. Het liefst wel met een groengas- of elektrisch voertuig, maar veiligheid gaat voor.

‘Het liefst’! Jawis, der soe ris in bobo fossilearre wurde kinne, dat moatte wy net ha fansels. Dat der moat hoe dan ek altyd ferfier bleauwe nei dy grutte swarte auto mei aktetas dêr’t se mei nei it opstapplak foar it evenemint reizge binne.

Wat no kleau tusken rânestêd en provinsje? Hâldt no earst mar ris op efter al dizze ûnsin oan te toffeljen foar’t alle skuld nei de rânestêd skood wurdt en doch sa’t de wurdfierder fan de fleanbasis sei (net letterlik):

‘Ja, grutte kloaten, it is sjesa gelegen: dy fleantugen dogge it net op sla-oalje en ús mear as futuristysk brânwachtweintsje dat yn it ferline de Ingelumer tsjerke rêden hat docht it mooglik wol op krûpoalje mar dat giet ús te stadich. Opsokkebalje mei dy moasje dus.’

By the way: Ut neat docht bliken dat der by dizze klup ek mar ien lyts grisseltsje betrouwen is dat dit grouwélige gebesoademiter kâns fan slagjen hat. Mear as in tinkrjochting foar de takomst is it net. No is dêr neat mis mei (sterker noch: ik bin der flak foar) mar mei dit geliich ha ik it leafst dat dit goare folk yn in kleau donderet dêr’t se mei gjin inkeld apparaat dat mei help fan fossile brânstoffen makke is úthelle wurde kinne. En dat sil ek nimmen wolle want alle Friezen binne foar in folslein fossylfrij libben. No ja, op ‘e fakânsje nei dan en dy pear mominten dat buorman efkes net sjocht.