Sa, de BMD is it lân út

De brede maatskiplike diskusje hat it lân hjoed wer ferlitten wat ik foarearst mar as in winstpunt beskôgje wol. En krekt hjoed is bekend wurden dat it wêze kin dat der mooglik in bonke fan syn baas fûn is. Dat is moai mar komt fierhinne op itselde del as dat ik sis dat it wêze kin dat myn sukadelapke fan in dinosauriër komme kin. It giet no ienkear need yn dy slachthuzen. En mei de ryswafels ek. Dat kaam fansels benammen om’t wy mienden dat wy fan it aaiefergif ôf mienden te wêzen mar ek dat is net sa. Hoe’t it no mei de ierdbeien is ha’k gjin nijs oer fine kinnen. Al wat oer in goudfisk en gâns ûngedierte yn krystbeammen. Goed útrikje foar’t jo se yn ‘e hûs helje. Fjoerwurk skynt in probaat middel te wêzen. It kin wêze dat jo der as Swarte Pyt út komme mar that’s all in the game.

Om noch efkes op dy BMD werom te kommen: wat hat dat opsmiten? No, yn alle gefallen dúdlike stânpunten. In hiel soad saakkundigen hawwe te uzes net oan it wurd west mar dy iene dy’t al te hearren wie ha de measten mist hat my út yntern ûndersyk ûnder in net neier oan te tsjutten selskip bliken dien. Dat seit op himsels net it measte oer de BMD mar mear oer de harksifers fan Oes Omroep, Oes Taal. Dat ik moast doe justjes útlizze wat Habtamu sein hat. Dat sil ik wol wer wakker bryk dien hawwe want it algemien beskie wie dat Habtamu him foaral net oanstelle moat om’t elk no ienkear wolris foar ‘skele’, ‘reade’, ‘dikharsens’ en sa útmakke wurdt. No, dan witte wy dat ek mar wer.

Sjoch: oft ik prachtige muzyk op YouTube ha dan kin it wolris wêze dat it my wat wiet om ‘e eagen wurdt. Dat hie ik by Habtamu net (hy song nammers net en ik bin no ienkear ek fan stiel, krekt as alle echte Friezen) mar ik ferstive al justjes en dat kaam bepaald net fan fleurigens. Dêr woe ik it fierder mar by litte, jo moatte no ienkear net op eskalaasje út yn sa’n brede maatskiplike diskusje. Wol woe ik graach noch sizze dat ik samar noch in stik as fyftjin Habtamu’s opneame kin dy’t my dan ek nochris justjes Frysker oankomme as gâns oaren mei blauwe eagen en blûn hier. No soe ik flokke mar dat moat diskear mar net.

It boek ‘Mol wol witte wa’t him op ‘e kop skiten hat’ sil meikoarten wol út de hannel helle wurde. Want ús baas Hollânsktalige freonen ha útfûn dat de wurden ‘poep’, ‘pies’ en ‘meppen’ net foar bern ornearre binne. Dat oft wy meidwaan sille yn de BMD dan moat soks yn it Frysk fansels ek keard wurde. En wy wolle meidwaan. Wy wolle altyd mei alles meidwaan wat Hollanners wolle. Benammen dyselden mei blauwe eagen en blûn hier. En swarte aktetassen.

Om meidwaan te kinnen giet neat ús te fier. Is de Slachte in kilometer as fjirtich dan meitsje wy der fanwege de troch Hollânsk tinkend folk opkrongen feestlikheden deagemoedereard tachtich fan. As wy mar BMD-erje kinne. Dan tuge wy ûnhuere festivals op dy’t net yn it FEC holden wurde kinne mar wol op plakken dêr’t de lêste ljip noch ferballe wurde moat. Want it BMD-erjen moat troch gean en ek de alderlytste minderheden te uzes sille har gerak hawwe. Watte? Se sille let en set wurde!

Ja, wy BMD-erje wat ôf en de stânpunten wurde hieltyd dúdliker. Boeren binne de nije kriminelen oan it wurden om’t der no ienkear in Hollânsk jonkje is dat seit dat jo dy nije satelytbylden fan it KNMI ek oars útlizze kinne. It komt der dan op del dat stedslânbou ek lânbou is en oars binne it wol taleveringsbedriuwen. En dan moatte der fansels wer allegearre nije diken by om dy Hollânske jonkjes fan de iene nei de oare boer te riden om dy derfan te oertsjûgjen dat de BMD útwiisd hat dat der ferlet is fan mear selskennis en regulearjend fermogen by har en sa. En dat der salang’t dat net slagget fentwegen oanlein wurde moatte nei de McDonalds. Om’t dat de iennichste plakken binne dêr’t jo der wis fan wêze kinne dat se gjin ljippefleis tusken it broadsjes triuwe.

It is allegearre tige by tige regele by dat lytse aktetasdragende Hollânsktinkende en yn grutte swarte auto’t omjachtsjende BMD-oanjeiminderhedeklupke. Fansels ferjitte se ek it Frysk net want se wolle net heal spul hawwe mei al dy blûnhierrige blau-eagjenden. Se litte Obe Postma út it grêf skuorre en risse de man út mei in miljoeneprojekt.

Mar se besteegje nul sinten oan wêr’t it werklik om giet. Dy minderhedemantsjes.

Yn oare sektoaren dogge se soks wol. Ik moat de earste timmerman teminsten noch tsjinkomme dy’t úthâldt dat syn personiel in ôfspegeling fan de maatskippij wêze moat en der dêrom ek guon by binne dy’t glês mei knipers yn de ramen besykje te hingjen.

No ja, it is al mei al goed nijs foar de hearen Verf, Kuipers en De Groot. De BMD is it lân út, sa lit de Afûk ús op Twitter witte. En it Frysk dus ek. Al praat, skriuwt, lêst en tinkt Habtamu dêr noch al yn. Mar dat sil de lêste – sa’t er sels sei – ‘rasfries’ wol wêze. Dy’t dan troch folwoeksen ‘Friezen’ foar Swarte Pyt útmakke wurdt.

Lang leve de BMD! (dat is in stik fatsoenliker as ‘Godferdomme’)

Leave a Reply

Your email address will not be published.

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>