Flaaksbrechje

In brêge fan flaaks. It sil mooglik wêze. Sels ha ik allinnich ûnderfining mei skeaven en ik doar hast wol te sizzen dat mear as 66% fan jim dat net hat. It moat ûnderwilens sa’n fjirtich jier lyn wêze dat ik dêr mei de boer oer gear wie. De boer sels wist ek net heal hoe’t soks moast dat wy hiene der ek noch in adviseur fan in jier as tachtich by al kin ik mei dy leeftyd sjoen myn eigen fan doe wat mis wêze. Hoe dan ek, wy ha dêr in pear dagen yn dat guod omskuord. Hoe’t it finansjeel beteard is wit ik net mar nei dy tiid ha ik nea wer flaaks sjoen.

Mar no komt der dus in brêge fan flaaks. By Ritsumasyl. It is de earste yn syn soarte want ôfsjoen fan twa lullige heechhoutsjes is it in wier novum.

Soks moat ek wat kostje fansels, allinnich: hoe rekkenje jo dat út? No, dat is net iens sa hiele yngewikkeld: oft jo 66 diele troch 10 dan wurdt dat 6,6 miljoen. Dat kinne jo yn 66 tellen betinke. Guon dogge der grif 66 oeren oer en oaren faaks wol 66 jier mar dêrmei feroaret de útkomst net. Want dy is sirkulêr.

In sirkulêre berekking hâldt yn dat it middelpunt likefolle ynklaud as alle sirkeltsjes dêromhinne mar dat wisten jim wol fansels.

Wat my al justjes fernuvere hat is dat it brechje op syn minst 50 jier sitte moat. Ut myn sirkulêre berekkening docht nammentlik bliken dat dat 66 jier wêze moatten hie want oars hie it bedrach 5, 50 of 500 miljoen wêze moatten en dat is it net.

As argumint foar it optugen fan dy flaaksmiljoenen wurdt û.o. brûkt dat it hjir giet om it yn stân hâlden fan in âlde rûte tusken doarpen. Dat is moai, mar oft jo dochs út te fytsen binne dan kinne jo ek wol efkes 660 meter omfytse om sa ûnder dat nije akwadukt troch te skarreljen. Dêr leit al in foech fytspaad dat wol bedoeld wêze sil foar sike-auto’s en sa mar dy hoege dêr wier net alle 66 minuten del en boppedat mei fan sokke sjauffeurs ferwachte wurde dat se om fytsers hinne ride kinne.

Op dy saneamde trochgeande rûte is omfytsen dochs al needsaaklik want oft jo by dat brechje wei rjochttroch sille dan wurde jo nei in kilometerke keard troch de Algrawei en dan net it stikje dat no ticht sil foar auto’s. Mocht soks jo oerkomme dan moatte jo dus werom en wol trije kilometer ekstra draaie en komme jo te let foar de preek yn Bears. Ik ha doe noch mazzel hân, it wie in frijwat feestlik barren dat ik mocht der yn fan dûmny.

Dat argumint doocht dus foar gjin 66 meter. Dat ik soe dy brêge dy’t der no leit der mar wei klauwe en de dyk ek. Dêr stiet allinnich mar in brêgewippershúske oan en dat kin wol plat. Dan kinne dêr wer ljippen sitte. Of guozzen.

En dy 6,6 miljoen? Mooglik kin immen yn 66 tellen betinke wêr’t dat better te plak is. Ik pas.

3 comments on “Flaaksbrechje

  1. Eddy 13 desimber 2017 20:11

    Der wenje wol minsken yn dat brêgewippershûske..

  2. Daam 13 desimber 2017 23:19

    Dy kinne wol nei it Kulturele Hoofdstadje. Dêr ha se grif wol it ien as d’oare rapport dêr’t se har yn deljaan kinne. En oars ferklaaie se har mar as nepljippen.

  3. Eddy 14 desimber 2017 10:43

    Ok, ik sal fannemiddei fuort by de minsken lâns. At wy in bytsje trochpakke kin it hûs der foar de Kryst noch wei.

Comments are closed.