It feintsje fan Menaam sil net om seis oere thús wêze

Neffens de hotemetoten fan it Kulturele Hoofdstadje moatte wy op freedtejûn 26 jannewaris allegearre de doar iepen hawwe sadat dy 4 miljoen besikers der mar ynrinne kinne om ús ferhalen oan te hearren. Dat sil allegearre bêst mar dan ha se gjin oerlis mei ús hjir te Bitgum hân want wy ha hjir al sûnt jierren op de lêste freedtejûn fan jannewaris Winterjûnenocht en dat is yn 2018 net oars. ‘Frjemd folk’ út Kollumersweach sil yn de Sint Martinustsjerke in jûnfoljend programma bringe. Wy binne dan dus net thús!

In oare fan boppe-ôf opleine opdracht skynt te wêzen dat alle tsjerkeklokken hjir tagelyk liede moatte, ik leau dat dat de sneons heve moat mei de klam op moat. Dat is net handich want oft dat ding hjir ûnferwachts begjint te jengeljen dan koe it wolris wêze dat de koster de swarte flagge úthinget en alle lju tinke by dat âljen dat hjir dan de oare deis preek is. Wêrom’t sokke struktueren fan hegerhân nei gychem holpen wurde moatte is my folslein ûndúdlik.

De skoalbern binne it bokje ek. Ik ha hjir en dêr al opfongen dat de krystfakânsje oergean moat, want der moat repeteard wurde. In echte komponist hat mei wat oaren nammentlik in sankje yninoar nifele. Ik wit net oft jim dat ferske fan Omke Wopke ek kenne mar dat is in wakker fleurich sankje oer in begraffenis. Dit is gjin fleurich ferske en hjirby moat ik der net oan tinke dat Omke Wopke ûnder dat biljert stiet mar ha it leafst dat er sa gau mooglik ûnder de grûn bedarret sadat elk syn wegen wer gean kin.

Dat oft dy bern dit ferske allegearre tagelyk op freedtemiddei om tolve oere sjonge sille (dat ha ik leau ik earne lêzen, mar ik kin mei de tiid mis wêze, ik bin te beroerd om it nei te sjen), dan meie se no wol fulltime begjinne te repetearjen want dit is sels foar it Biltsk Mannekoar amper nei te kommen.

Ynhâldlik kin ik der ek net folle mei. ‘Seis oere thús’ hjit it spektakel. Wêrom’t dat moat ha ik leau ik net út de tekst helje kinnen en it liket my ek nearne goed foar. Heit en mem steane dan beide noch by de kassa yn super- en de boumerk, it iene broerke moat nei fuotbaltrenen en it oare suske nei wetterpolo dat der is dochs gjin harsens thús.

En dan kinne jo as in wiere dûmny wol yn dy tekst befrisselje dat dat jongfolk dat fan it boerehiem komt en wakker troch de greiden jaget nei de takomst sjen moat mar sokke boerebern binne der noch mar amper. Dat se hiele Europa no leauwe litte wolle dat Fryslân sa yninoar stekt is in foarm fan swiere kriminaliteit dy’t mei gjin pinne te beskriuwen is.

Bern wurde – benammen yn it kulturele hoofdstadje – mei de auto nei skoalle brocht en de sjauffeurs jeie dan as it heal kin tachtich op plakken dêr’t se tritich meie. En dy greiden binne yn in straal fan fyftjin kilometer om it hoofdstadje hinne yn gjin fjilden of wegen te bekennen.

Boppedat ha wy al lang in folle fleuriger ferske dat ynhâldlik sawat itselde mar dan folle dúdliker seit. En dat liet is folle sjongsumer en makliker te learen. Mar ja, It feintsje fan Menaam besjongt mei klam dat er noait wer en dus seker net om seis oere thús is!!! En hy hat it oer sinne en wille en oer bobojild. Sa helder as it mar kin.

Mar oft de bân fan syn fytske no noch hiel is dan bin ik bang dat er alles byinoar flokt om’t der yn dat hiele lullige Kulturele Hoofdstadje nimmen mear te finen is dy’t wit wat in fyts is.