Fan de sûkelarje ôf

Wy moatte fan it gas ôf. Dat fine alle Nederlanners sa njonkelytsen. Earst wie dat net sa bot mar om’t der ferline wike ien en oar begûn te skodzjen is it folkje aardich wekker wurden. No ha wy dat hjir wol faker en meast saksearret de pine aardich gau.

Hoe djip de pine sit ha’k myn twifels ek wol wat oer. Want ek elkenien fynt dat de ljip weromkomme moat mar oft jo har dan foarlizze dat de reistiid Ljouwert-Drachten dan bygelyks twa minuten langer wurdt om’t jo oer de doarpen toffelje moatte dan wiist it al gau oars. Soks is fansels ek net bêst oft jo deis 80 kear op en del moatte en op ‘e emoasjes ôfgeande moatte de measte Friezen dat.

Mar goed, it is no earnst dat ôfrûne moandei ha wy mei ús allen oefene hoe’t it wêze soe om fan dat gas ôf. Ik moat earlik sizze dat ik net meidien ha want dy oefenings ha ik hiel lang yn in auto dien dêr’t de kachel it net fan die dat ik leau dat ik myn poarsje wol hân ha. Boppedat bin ik nochal hechte oan myn hite kop tee middeis mei’t ik fan dokter hielendal gjin Cup-a-Soup ha mei en no kinne jo dat wetter wol yn de magnetron siede mar dan dogge jo oan gas-stroom-transysje en dy besoademiterij moat ik it measte net fan ha. Ik wit it, ik bin de iennichste.

Justerjûn hiene wy it grutte debat fan de oer ús stelden. Dy ha wy dy kant sels útavensearre dat jo moatte betrouwen yn sok folk hawwe. No wol it gefal lykwols dat de measten it wakker iens binne, ik leau dat se allegearre krekt as my op de legere skoalle leard ha dat Grinslân by Nederlân heart. Neffens my hoege jo dêr dan gjin oeren oer te redendielen en dat hawwe se dan ek net dien. Wol hiene se allegearre 6 minuten sprektiid en ik wit net hoe’t se it hawwe mar se rêden it dus op om dy folle seis minuten te brûken om út te lizzen hoe’t it geografysk allegearre yninoar stekt. Us skoalmaster wie dan foarhinne al justjes handiger mei syn lânkaart en stôk.

Ik ha dat debat by flarden wat folge en kin ta gjin oare konklúzje komme as dat it net mear as in feredele foarlêswedstriid wie mei hjir en dêr de klamtoan op de ferkearde plakken. Kwa presintaasje heucht my leau ik noch dat de lokale foardrachtkriich te uzes op de boppeseal fan it kafee justjes mear teatrale alluere hie.

Dizze wedstriid duorre al ryklik lang dat ik ha de ein net helle. Se hawwe om fierrens leau ik oare kroechtiden as wy hjirre dat dizze fertoaning sil wol net earder dien west hawwe as dat gewoane normale Nederlanners al lang op ien ear lizze.

Hjoed al in pear kopkes yn de media sjoen, dy triggeren my net genôch om de byhearrende teksten te lêzen. Foar’t neist waard de ‘delicate balans’ en ‘krachtig Nederland’ wjerkôge, dat soe kinne. Ik kaam gjin kopke tsjin dêr’t yn stie ‘Enkele weken zijn tien dagen geleden ingegaan’. Dan wit ik wol genôch.

It kin Nederlanners – en Friezen ek – fansels ek hielendal gjin bliksem skele hoe’t it dêr yn Grinslân giet. Sterker noch: it kin Nederlanners – en Friezen ek – hielendal gjin bliksem skele hoe’t it yn de rest fan de wrâld giet.

Want dan hiene se ek al lang opholden allegeduerigen yn de sûkelarje om te haffeljen, in produkt dêr’t nochal wat berne-arbeid mei anneks is. Ik tink dat Nederlanners – en Friezen ek – noch altyd wakkere grutsk binne op harren slavernijferline. Yndied, Nederlân wie ien fan de lêste lannen dy’t dat ôfskafte. Sizze se.

Dat kin fansels ek al min oars yn de Joadsk-Kristlike tradysje. De Grinslanners moatte Levitikus 25, fersen 44-46 der noch mar ris op neilêze. Dan witte se wêr’t se oan ta binne.