Frjemd Folk yn tsjerke

“Maar ik huiver altijd bij massaal gejuich. Of het nou om een voetbalwedstrijd gaat of om een politieke rally of iets anders. Cultuur die kwetsbaar is en toegesneden op de geborgenheid van een kleine groep liefhebbers heeft mijn voorkeur boven opgeblazen massale activiteiten. Massaliteit staat meestal voor afstandelijkheid en heeft meer te maken met een publiek dat de individualiteit tijdelijk uitschakelt dan deze uitdaagt.
Ik hoop dan ook dat in 2018 het blijkbaar noodzakelijk grootschalige niet het kleinschalige, subtiele en intieme, dat voor Fryslân juist zo karakteristiek is, verdringt.”

Dat skreau Ivo Poelsma hjoed op Feestboek. Mear iens kin ik it hast net wêze.

Justerjûn hiene wy lykas al jierren wenst en dus op gjin inkelde wize yn te klauwen troch de arrogante jonges en famkes fan it Kulturele Hoofdstadje wer sa’n lytsskalige aktiviteit yn de Bitgumer tsjerke. By ús hat it altyd wizânsje west dat artysten betelle krije en de organisaasje net. Dat wol noch net sizze dat dy artysten dêr daliks miljonêr fan wurde mar it is in prinsipiëel oar systeem as dat se by it Kulturele Hoofdstadje hantearje. En fansels hawwe wy hege ferwachtings fan ús artysten mar oerdriuwe dat ek wer net. Sa ferwachtsje wy fan harren net dat se allegearre cum laude slagge binne oan it konservatoarium wat by de lju fan it Kulturele Hoofdstadje dúdlik it doel al is, sels oft se noch mar in jier as 10-12 binne. Jim hiene juster dy bernegesichtsjes yn Noardewyn ris sjen moatten, it wie in wiere martelgong foar har. Ik tink dat se hjirnei nea wer sjonge en dûnsje en alhielendal net yn it Frysk. Mar dat lêste sille de Hoofdstadbobo’s wol as klearebare winst beskôgje.

Frjemd Folk prate juster al gewoan Frysk. Wol justjes oars as wy wend binne, se ha it oer ‘ou’ dêr’t wy ‘ôf’ sizze en oer ‘skroun’ dêr’t wy it oer ‘skreaun’ hawwe. Dat dan is it suver al hast as ha jo in stel bûtenlanners oer de flier. Dêr is neat mis mei en it is allikemin ûnbeskoft oan jins eigen taal fêst te hâlden dêr’t dat kin. It is wol ûnbeskoft om yn Dútslân gjin Dútsk ferstean te wollen en dat jildt dus likegoed foar Hollanners dy’t it yn Fryslân ferpoffe Frysk te ferstean, achte hear Bootsma fan it Kulturele Hoofdstadje.

Frjemd Folk brocht ús Keltyske muzyk en yn de ferbinende teksten in moai stik Ierske histoarje en útlis oer de lieten. Ik set hjirûnder efkes in YouTube’ke del út it earder neamde Noardewyn, dan witte jim hoe’t it klinkt. It sit tsjin it cum laude oan dat mear hoech ik der net oer te sizzen. En se binne gewoan – benammen ek bûten it Kulturele Hoofdstadje om – te boeken. Google is jim maat.

De publike belangstelling foel my net ôf al hiene der bêst noch in man as wat by kinnen. Mar Frjemd Folk is gjin eigen folk dat jo lûke daliks gjin minsken dy’t efkes sjen wolle hoe’t buorman of buorfrou it der ôf swit. Dêr kinne jo oars by bygelyks toanielstikken ek aardich kromme teannen fan krije mar blykber ha guon dat leaver as it aventoer oan te gean om lju fan om fierrens oan te hearren.

Wy hiene oars diskear folslein binnen de tsjerklike noarmen al licht alkoholyske drankjes yn de oanbieding, want oft soks by it Hillich Nachtmiel kin, dan kin dat ek by Keltyske muzyk. Boppedat hiene wy bespeurd dat der by in boekoanbieding fan Wijdemeer ek frij rejaal catere wurden is dat it is eins it doel om takom jier ek wer mei bier te begjinnen. De foarsitter (dy ha wy net) sil soks opnimme mei de nije bestjoerders. Soks moat in bytsje mei ferdrach want wy ha it fjirtjin jier lyn finaal bedoarn. Faaks kinne wy mei alkoholfrij guod begjinne, ik sis mar wat. Of oare etiketten der op, dat kin ek.

Wat yn alle gefallen al sa is dat sil ditsoarte lytsskalige kultuer troch gean der wat barre moat. Want de opboude buffer mei tank oan it boekesuteljen wurdt der net grutter op, sei de skathâlder (dy ha wy ek net).

Soene de haden fan it Kulturele Hoofdstadje en de troch har útrûpelen eins wol witte wat boekesuteljen is? Der stie leau ik neat oer yn de krante dêr’t justjes tefolle beammen foar nei gychem holpen binne. Dat papier hie yn alle gefallen better brûkt wurde kinnen foar berneboeken. Al hie de kâns fansels dan noch wer grutter west dat de kultuerbarbaren dan betocht hiene dat Groun en Minsken fan Reinder Brolsma tige geskikt foar bern is, yn stee fan wat fan Paul van Dijk, Lida Dykstra of Thys Wadman.

Frjemd Folk yn tsjerke is neat mis mei mar frjemd folk yn de Fryske kultuer alles. It binne diktatorkes dy’t de media yn de macht hawwe, gûchelje mei sifers en mar oan ien boek tinke: har eigen persoanlike kasboek. En dan noch hâlde se fol dat as 35 fan de 400 skoallen meisjonge soks as in súkses beskôge wurde moat. Dwazen.