De tredde perioade

Oft jo op Wikipedia [[iishockey]] skriuwe dan kleuret de saak read. Dy tekstheakken binne nammentlik bedoeld om troch te ferwizen nei de side oer dat ûnderwerp mar dy bestiet net. It moat wêze [[iishokky]]. Dat is allegeare moai en aardich en ek bêst bedoeld mar ik wegerje dat, wy moatte de gekte net al te grut meitsje. Oft wy it oer in kaartspultsje hawwe dan meitsje wy dêr ek gjin brêge fan. Iishockey dus.

Ik hie net tocht dat ik ea nochris live (libben dus) in iishockeywedstriid meimeitsje soe mar safier is it al kommen. En ik seach no ek dat der in dak op Thialf sit, dat wie de lêste kear dat ik dêr wie noch net sa. Kranten ûnder it himd hoecht ek net, ik leau jo kinne der yn de swimbroek wol foar. It is in pracht fan in kompleks dêr’t de sportlju terjochte grutsk op binne. En it is ek hiel grut dat ik siet earst al yn in finaal ferkeard plak sawat oan de kofje. Mar om’t ik dêr net daliks bekende koppen seach ha ik dochs mar justjes ynformearre hoenear’t de foarstelling begjinne soe. Net dus. Dêr net, alteast.

In hiel ein fierderop wie de live (libbene dus) útstjoering fan Flyers TV al dwaande. Ik leau net dat ik in hiel soad mist ha mar de earste fiif minuten al. It wie in fleksibele presintator dat hy hat tusken de bedriuwen troch ek noch mei my fûstke. Letter trof ik ek noch in útjouwer en wy kamen ta de konklúzje dat it in aardichheid wie om efkes yn dizze subkultuer te ferkearen.

It giet der Spaansk om wei yn sa’n wedstriid. Fansels ha jo dat foar de telefyzje wolris sjoen mar dan komt de outfit (útris dus) jo sa bombaskysk net oan as yn it echt. Dy sticks (slaaien dus) kinne jo sa ien de harsens (het hoofd dus) mei ynslaan. Mar dat bart (gebeurt dus) allegearre net. De mannen hâlde der in ûnbidich (uitermate in overtreffende trap dus) heech tempo op nei. En ik tink dat dy puck (wat zegt u dus) mei in GPS-systeem te folgjen is want ik ha him de helte fan de tiid mist en ik stie oars wol op in lokaasje dêr’t ik werklik alles folgje koe. Tiidrekke is der net by. By fuotbal ha jo soks al, dan hoege se it ding mar oankommen te sjen en lizze se al op de grûn te krimmenearjen. Dat hat hjir gjin doel. Gjin aksje, gjin spyltiid. Dan ha jo dus gau jo nocht fan dy oanstellerij. Ik tink dat ik it sa wol aardich útlein ha. It giet hjir om it winnen mar dan wol op in respektfolle wize. Neat gjin gesoademiter, ek yn de kuiergongen net. Ik leau, it is in subkultuer dy’t aardich matched mei de brassbandkultuer. Dat de Glasblazers yn it skoft spilen koe dan ek hast net better betocht wêze en dat sille se wol net foar my dien hawwe want se wisten hielendal net dat ik komme soe.

Net hielendal (helemaal niet dus) tafallich is der ek in boek oer iishockey. Yn it Frysk. Neffens de saakkundigen is dat in primeur. Mar dat boek (it is in echt boek, net kopieard. Ik ha it tsjin it ljocht holden en it rûkt ek nei printwurk. It leit goed yn de hân, ek yn ien hân. Ofsjoen fan in pear hoerejonges – foei, foei, foei!!! – is der neat mis mei, in 8-min dus) giet oer folle mear as oer iishockey.

Jo moatte earst al in side as hûndert fierder wêze foar’t dy sport echt yn byld komt. En no bin ik fansels by riten in grutte skriemer mar doe’t it dan sa fier wie hie ik de triennen yn de eagen. En dat kin dus ûnmooglik komme omdat it al hûndert siden oer iishockey gie mar oer hiel oare dingen. Jo soene it swiersettich neame kinne en faaks is dat it ek wol. Mar sûnder hiel eksplisyt te wêzen komt der in ûnrjocht mar ek in objektiviteit en nofterens foar it ljocht dy’t ik nimmen tawinskje.

Dat ôfsettend tsjin de Fryske (Friese en Hollandsche dus) ljippehoeders dy’t foar de moade hawwe in Sint Bernard op fyftjin-heech te mishanneljen bin ik benijd hoe’t Ferdinand de Jong my fierder mei Ruslân en it hockey yn nimme sil. Myn betrouwen is grut, mar dat moat dus oant moarn wachtsje.

It foardiel dêrfan is dat ik no net ferhelje kin hoe’t it fierder giet en jim it boek De tredde perioade sels oantuge moatte sille om dêr efter te kommen (lezen dus).